NL doet: B&W Noardeast-Fryslân stekke de hannen út ’e mouwen

maart 15, 2019 08:34

Hjoed en moarn wurde yn it ramt fan de aksje NL doet yn it hiele lân in protte aktiviteiten en kerweikes opset dêr’t bekende Nederlanners oan meidogge. It giet almeast om it bygelyks opknappen en skjinmeitsjen fan foarsjenningen yn it algemien belang, dêr’t frijwilligers de hannen foar út de mouwen stekke. It meidwaan fan bekende minsken, dy’t ornaris de holle by oare saken hawwe, is bedoeld as oanmoediging fan en as in teken fan wurdearring foar frijwilligerswurk.

Yn de gemeente Noardeast-Fryslân geane boargemaster Apotheker en de wethâlders Berends, Boerema, Hanemaaijer en De Vries elk foar oar op ûnderskate plakken yn de gemeente oan ´e slach om oan sokke projekten mei te helpen.

maart 15, 2019 08:34
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Snarf maart 15, 17:54

    Bedoeld as ferkiezingsoaoadigjen??‍♂️

  2. Snarf maart 15, 17:55

    Ik bedoel oanmoedigjen fansels!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.