Njoggende bondel fan Abe de Vries as e-boek

maart 15, 2019 08:10

Abe de Vries (foto: Tresoar)

Tongersei 14 maart is te Aldsyl presintearre de njoggende dichtbondel fan dichter en Gysbert Japicxpriis laureaat Abe de Vries, titele Mienskar. De bondel is subsydzjefrij ta stân kaam en papierfrij inkeld as e-boek útbrocht. De pdf is fergees del te laden fia www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com en it Facebook-account fan de auteur.

Mienskar befettet 35 sonnetten dy’t har rjochtsje tsjin it fan minsken ferjarre (keunst)klimaat yn Fryslân en foarmet op syn eigenwize wize in wjerlûd fan Rintsje Sybesma syn Ta de moarn.

Abe de Vries (1965, Winaam) debutearre yn 2002 mei de bondel De weromkommer yn it ûnlân en krige yn 2005 foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) de Gysbert Japicxpriis takend. Underskate fan syn bondels waarden dêrnei noch nominearre foar ‘de Gysbert’.

maart 15, 2019 08:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cornelis van der Wal maart 15, 15:52

    In pdf is eins gjin e-book, hear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.