Nije searje Eus in Medialand; ôflevering 1: ‘Niet op de kaart’

maart 8, 2019 08:20 Fernijd

Utstjoerings: tiisdei 12, 19 en 26 maart, 21:05 oere op NPO2

Yn it nije telefyzjeprogramma Eus in Medialand ferlit Özcan Akyol de Hilversumske bubbel. Yn trije ôfleveringen fan 35 minuten ûndersiket Eus wêrom’t safolle minsken harsels hast net weromsjogge yn de trochstringse media. Fan YouTube-stjerren oant betinkers fan komplotteoryen en sabeare nijs. Fan multykulturele praatsjoos oant piratestjoerders en regionaal sjagryn yn de provinsjes, dêr’t de redakteuren, sjoernalisten en presintatoaren amper lânskomme.

Foto: NTR

Özcan Akyol dûkt fol oerjefte yn eltse mediakleau en jout de sjogger in fassinearjend, ferhelderjend en kaleidoskopysk ynsjoch yn de bubbels fan Nederlân fan hjoed-de-dei.

Oflevering 1 (tiisdei 12 maart, 21.05 oere, NPO 2): ‘Niet op de kaart’
Eus ferlit de Hilversumse bubbel, om’t in protte minsken har net of hast net fertsjintwurdige fiele troch de lanlike media. Eus reizget troch Nederlân en leit de finger op it seare plak. Hoe kin it dat de Amsterdamske Noard/Súdline kear op kear it NOS-sjoernaal hellet, wylst ferlykbere bouprojekten yn de provinsje hielendal gjin omtinken krije? Wêrom hellet Hilversum syn noas op foar Nederlânske folksmuzyk? En wat bart der as in blokkearfries meidocht oan in typysk Rânstêdlik debat oer feministyske manlju?

maart 8, 2019 08:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.