Netwurk essinsjeel foar Fryske sirkulêre ekonomy

maart 25, 2019 08:28

Fryske bedriuwen wolle wol, mar de drompel is faak noch heech om oan de slach te gean mei sirkulêr ûndernimmen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It docht ek bliken dat foar de koprinners harren netwurk essinsjeel is. De provinsje hat grutte ambysjes as it giet om sirkulêre ekonomy. Yn 2025 wol Fryslân yn de top 3 fan sirkulêre regio’s fan Europa stean. Om dy ambysje wier te meitsjen, hat it it bedriuwslibben nedich.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Yn in sirkulêre ekonomy wurde produkten en grûnstoffen maksimaal (wer)brûkt om sa min mooglik wearde te ferneatigjen. Tanksij de Feriening Sirkulêr Fryslân is hieltyd mear dúdlik oer wat der yn Fryslân al bart, mar dat byld is noch net folslein. Hoe stean wy der foar? Wolle ûndernimmers wol meidwaan? Wat dogge se al? De provinsje frege dêrom oan RUG/Kampus Fryslân om dêr ûndersyk nei te dwaan. In lytse 700 Fryske bedriuwen folle de enkête yn.

Deputearre Sander de Rouwe: “Wy binne bliid mei de nulmjitting. It ûndersyk lit ús sjen dat bedriuwen wol wolle, mar it noch net dogge. Dat sterket ús yn ús line fan dwaan, learen en fertellen. Der is brea te fertsjinjen yn in sirkulêre ekonomy. In protte fan ús bedriuwen witte noch net hoe, mar binne wol posityf.”

Prefester Gjalt de Jong: “It Fryske MKB hat poerbêste finansjele prestaasjes en is posityf oer de sirkulêre ekonomy. Der binne dúdlik koprinners dy’t de sirkulêre ekonomy al op ferskate manieren yn harren bedriuwsfiering tapasse, foaral yn de lânbou, gruthannel en de yndustry – just sektoaren dy’t yn Fryslân wichtich binne. It ûndersyk jout ynsjoch yn de mooglikheden en útdagings fan de sirkulêre ekonomy yn Fryslân hoe dêrmei om te gean út ferskate perspektiven wei.”

Rol fan de provinsje: netwurk en bewustwurding
Ut it ûndersyk docht bliken dat bedriuwen dy’t al dwaande binne mei sirkulariteit, dêr harren netwurk foar ynsette. Bedriuwen dy’t dat noch net dogge, binne ek net aktyf yn de sirkulêre netwurken. Dielnimmende ûndernimmers jouwe oan wol ferlet te hawwen fan in netwurk en dêr in rol fan de provinsje yn te sjen. Provinsje Fryslân bringt bedriuwen mei fragen oer sirkulêre ekonomy yn kontakt mei de Feriening Sirkulêre Ekonomy. De dielnimmende bedriuwen jouwe oan ek in rol te sjen foar de provinsje yn bewustwurding fan konsuminten.

Klik hjir foar de rapportaazje nulmjitting fan RUG Grins/Kampus Fryslân yn opdracht fan de provinsje.

maart 25, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.