Mienskipsloket iepene

maart 31, 2019 08:27 Fernijd

LF2028 en Keunstwurk iepenje Mienskipsloket foar strukturele stipe mienskipsprojekten

Ljouwert-Fryslân 2018 hie neist it haadprogramma in yndrukwekkend iepen mienskipsprogramma. In programma mei hûnderten aktiviteiten en eveneminten, organisearre troch de mienskip sels. Om te soargjen dat der ek nei it Kulturele Haadstêdjier in oanwaaks is fan mienkipsprojekten, wolle LF2028 en Keunstwurk nije inisjativen struktureel stypje mei in leechdrompelich loket: it Mienskipsloket. It loket is sûnt woansdei 27 maart iepen.

Foto: Hans Jellema/Keunstwurk

Judith Baarsma, projektadviseur by Keunstwurk, is bliid mei it nije loket: “Yn 2018 hat bliken dien hoe entûsjast minsken wiene om mei te dwaan. En hoe wichtich minsken it fine om wat te organisearjen mei én foar de mienskip. Yn oanrin nei en yn it Kulturele Haadstêdjier hawwe wy inisjativen stypje kinnen mei it platfoarm Stipe.frl en troch de gearwurking mei LF2028 kinne wy dy tsjinstferliening no fuortsette en útbouwe.”

Lieuwe Krol, kertiermaker LF2028, sjocht it Mienskipsloket as in wichtige stap om de neilittenskips-doelstellings te realisearjen. “Om ta in nij en ynspirearjend programma foar de kommende jierren te kommen is belutsenens fan de mienskip krusjaal. Mei it Mienskipsloket kinne wy inisjatyfnimmers hânfetten biede om harren ideeën te realisearjen.”

It loket
By it Mienskipsloket kinne inisjatyfnimmers mei al harren fragen terjochte. Oer it ûntwikkeljen fan in projekt, it meitsjen fan in projektplan, gearwurking, produksje, finansiering, marketing, ensfh. It loket is fêstige by Keunstwurk oan de Wissesdwinger 1 yn Ljouwert en is iepen op moandeis oant en mei tongersdeis fan 9.00 oant 17.00 oere en freeds fan 9.00 oant 15.00 oere. Dêrneist is it loket telefoanysk berikber op 058 – 234 34 34 en fia mail: mienskipsloket@lf2028.eu.

Greidesesjes en wurkwinkels
Neist stipe biedt it Mienskipsloket ek in programma mei greidesesjes en wurkwinkels om inisjatyfnimmers op wei te helpen. De greidesesjes binne ko-kreaasjedagen dêr’t je mei oare inisjatyfnimmers oan ’e slach kinne mei jo plan. Der binne ferskate wurkwinkels. Fan it meitsje fan in projektplan oant it yninoar setten fan in draaiboek en fan PR oant fûnsewerving. De greidesesjes en wurkwinkels wurde oanbean fia Stipe.frl.

Oprop foar aginda
LF2028 en Keunstwurk roppe inisjatyfnimmers op om projekten en eveneminten dy’t al trochgean sille, te fermelden yn de aginda fan LF2028. Dy aginda is krekt as yn 2018 keppele oant de webside friesland.nl. Tagong ta de aginda kin oanfrege wurde by it Mienskipsloket.

maart 31, 2019 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.