Merk Fryslân op ITB Berlyn mei Wetter 2020

maart 6, 2019 11:00 Fernijd

Foto: pixabay.com

Merk Fryslân stiet fan 6 oant en mei 10 maart yn Berlyn op de grutste toerismebeurs op ’e wrâld. It is in unike kâns om Fryslân en Wetter 2020 ûnder it omtinken te bringen fan toeroperators, reisoanbieders en de parse.

Wetter 2020
Yn 2020 sille in soad bysûndere eveneminten wat mei wetter te meitsjen hawwe. Logysk dat dêrom foar it jiertema Wetter 2020 keazen is. Foarbylden binne it hûndertjierrich bestean fan it Woudagemaal, 85 jier Snitswike en de útstalling Wy Fikingen! yn it Frysk Museum. Mar de Alve Fonteinen, Sense of Place, de Fryske marren en de Waadeilannen ûnderstreekje it tema ek. Foar in breed draachflak binne der ferskate partijen yn behelle lykas de regiomarketingorganisaasjes en Legacy2028.

Dat in jiertema belangryk is hat LF2018 dúdlik makke. It is in goed middel om oanbod, ûndernimmers en marketing byinoar te bringen. In tema bondelet it oanbod en fersterket de kampanje. In ûndernimmer mei in arranzjemint dat op it tema oanslút, draacht by oan it oanbod en profitearret mei fan it sukses fan in kampanje. Arranzjeminten dy’t oansprekke krije in plak yn de etalaazje op Friesland.nl en Meetinfriesland.nl.
Yn 2019 is it tema Groots/Swiid mei trije kampanjes: Swide fiergesichten, Swide ûnderfiningen en Swide nachten.

Gearwurkje
Mear as 180 lannen presintearje harren produkt op de ITB yn Berlyn. Fryslân is ûnderdiel fan it Holland Paviljoen fan NBTC Holland Marketing. Dêr steane mar leafst 62 partners út hiel Nederlân. It Waad is ek fertsjintwurdige yn de stand fan Waddenzee Werelderfgoed.

maart 6, 2019 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.