Matteüspassy yn it Frysk

maart 12, 2019 07:30

Op 30 en 31 maart sil Keamerkoar Hortus Vocalis de Matteüspassy fan Johan Sebastian Bach útfiere. Net yn it Dúts mar yn it Frysk – de ferfrysking troch Eppie Dam fan de Nederlânske tekst fan Jan Rot.

De ynstrumintale begelieding wurdt dien troch it Barokorkest Florilegium Musicum. Maarten Romkes fertolket de evangelist- en Ben Brunt de Kristuspartij. Oare solisten binne Tetsje van der Kooi, sopraan, Nelly Otter, alt, Jeroen Helder, tenoar en Roele Kok, bas. Fierder wurket it Sint-Vitus Jeugdkoar mei. Dirigint Gerben van der Veen hat de algehiele lieding.

De útfiering op sneon 30 maart is yn de Sint-Martinustsjerke te Snits. Dy begjint om 19.00 oere. De útfiering op snein 31 maart is yn it Koepelteater yn Ljouwert. Dy begjint om 14.30 oere.

Kaarten à € 32.50 (ynkl. konsumpsje) binne te bestellen op www.posthuistheater.nl. Oan de doar kostje se € 36,–.

maart 12, 2019 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.