Mahlers Das Lied von der Erde yn bysûndere besetting

maart 5, 2019 09:33

Gustav Mahler, 1909 (Foto: Wikipedia)

De ferneamde symfoanyske lietesyklus Das Lied von der Erde fan Gustav Mahler wurdt yn de twadde helte fan maart op tolve plakken yn Nederlân útfierd. Dat sil dien wurde troch it Nederlands Blazers Ensemble (NBE) mei mezzosopraan Christianne Stotijn en tenoar Marcel Reijans as solisten.

Gustav Mahler (1860-1911) skreau it wurk yn 1908 en 1909 foar symfonyorkest en twa sjongstimmen, alt en bariton, op âld-Sineeske teksten dy’t út it Frânsk wei yn it Dútsk oerset wiene. Foar dy teksten wie doedestiids yn Sineesk-literêre rûnten yn Europa in grutte belangstelling. It wurk is foar it earst útfierd yn 1911, nei de dea fan Mahler.

It NBE hie al lang syn sin set op dit magistrale wurk. Artistyk lieder Bart Schneemann neamt it Mahlers nuodlikste symfony: “De symbolyk yn Das Lied von der Erde is folle universeler as yn syn eardere grutte wurken. De tema’s binne noch hieltyd deselde: alles fan Mahler giet oer de skjintme fan it libben en de wrange bysmaak dy’t dat kriget troch it besef dat wy stjerlik binne. Mar dizze kear stiet Mahler net sels yn it middelpunt.” Foar de unike ynstrumintale besetting fan it NBE is it wurk arranzjearre troch Willem van Merwijk.

De toernee fan it NBE docht grutte plakken oan yn alle parten fan it lân mei útsûndering fan it Noarden. Under it spyljen wurdt syngroan it orizjinele hânskrift fan Mahler projektearre, om sa it publyk ticht by de komponist komme te litten. It kin dan sjen hoe’t Mahler ôfwagingen makke, stikken skraste of swart makke: syn twivel.

It Nederlands Blazers Ensemble
It NBE bestiet út goed tweintich topmusisy. Troch harren mienskiplike besieling en honger nei aventoer wurde se dreaun ta it meitsjen fan teatrale muzykprogramma’s dy’t net ûnder ien muzikale namme te fangen binnen. It NBE kombinearret alderhande soarten eigentiidske en âlde muzyk dy’t de sinnen en ferbylding priket.

Spyllist
14 mrt: Amsterdam, Podium Mozaiëk (útferkocht, foarpremjêre)
15 mrt: Tilburg, Theaters Tilburg (premjêre)
16 mrt: De Haachg, Nieuwe Kerk
17 mrt: Haarlim, Philharmonie
19 mrt: Ynskede, Grote Kerk
20 mrt: Weiningen, De Junushoff
22 mrt: Eindhoven, Muziekgebouw Frits Philips
23 mrt: Amsterdam, Het Concertgebouw (Lytse Seal,útferkocht)
24 mrt: Heerlen, Parkstad Limburg Theaters
26 mrt: Breda, Chassé Theater
27 mrt: Utert, Tivolivredenburg
28 mrt: Helmond, Theater Speelhuis

maart 5, 2019 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.