Lêzing fossylfrij op wrâldreis
Resint ferskynd
Fossylfrij op wrâldreis? Kin dat? Jawis! De Burdaarder Peter Hoefnagels jout dêr in lêzing oer op de HISWA yn Amsterdam en yn it MFC Het Spectrum yn Burdaard. Hy fear mei syn syljacht de ‘Ya’ yn 2016-2018 fossylfrij de wrâld rûn, dus sûnder disel, benzine, gas, hokker brânje dan ek. It is net de earste fossylfrije wrâldreis troch in jacht.
Duorsum jacht de ‘Ya’ is in foarbyldjacht. It is in modern syljacht fan tsien meter lang, foarsjoen fan sinnepanielen, in wynmûntsje en skroeven dy’t stroom leverje ûnder it silen. Alle foarsjennings binne gewoan yn de winkel te keap. Peter sil dêr yn syn lêzing oer fertelle. Fansels fertelt Peter ek ferhalen oer de tocht sels. Oer de swierrichheden dy’t men tsjinkomt as men duorsum fart, en it plezier om op in eilantsje oan te kommen en muzyk te meitsjen mei de pleatslike ukelelebouwer.
Op elts trajekt fearen der hieltyd oare gasten mei. Dat is betelber, want troch de romme sponsoring is de bou fan dit – no noch bysûndere – skip betelber bleaun.
Datum:
Snein 17 maart om 14.00 oere yn MFC Het Spectrum yn Burdaard, kaartsjes € 10,-, drankje yn it skoft ynbegrepen. In part fan de opbringst giet nei stifting Schone Golf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje