Lêzers It Nijs komme foar it Frysk

maart 4, 2019 21:44

De lêzers fan It Nijs hawwe benammen belangstelling foar nijs en kollums oer Fryslân, oer Friezen en oer de Fryske taal. De wichtichste reden om it webstee te besjen is dat de bydragen yn it Frysk skreaun binne. Dat docht bliken út in enkête dy’t yn desimber hâlden is. 

Antwurden fan lêzers op de fraach: ‘Wat binne foar jo wichtige redenen om op itnijs.frl te sjen?’

Nei de belangstelling foar Frysktalige stikken en stikken mei in regionale ynhâld komt as tredde reden om op it webstee te sjen, mei in grutte efterstân, de groep minsken dy’t benijd is nei nijs dat net yn oare media stiet. Goed 40 persint fan ‘e lêzers komt (mei) om dy reden nei it webstee. Fierder is likernôch in fearn fan ‘e lêzers benijd nei de reaksjes dy’t oare lêzers skriuwe.

Wrâldnijs yn it Frysk

It Nijs is yn 2009 begûn mei as doel om as earste nijsmedium nijs út de hiele wrâld te bringen yn de Fryske taal. It is net sa dat dat nijs min lêzen wurdt, mar it liket in byfangst te wêzen. It webstee lûkt dochs benammen Frysksinnige lêzers.

De belangstelling dy’t de lêzers oanjouwe, strykt foar in part mei de werklike sifers. Artikels oer de Fryske taal en oer Friezen en Fryslân binne populêr, mar dat jildt ek foar artikels op it mêd fan seksualiteit en erotyk. Dochs seit minder as 10 persint fan de lêzers dat se dêr wol mear oer lêze wolle. Foar wittenskip, humor en cartoons wurdt ek net in soad belangstelling oanjûn, wylst dat wol populêre stikken binne. Wat wol wer oerienkomt mei de besikerssifers is de belangstelling foar kollums en opinystikken. Dy dogge it altyd goed en der komme alle jierren wol in pear fan yn ‘e top tsien fan bêst lêzen stikken.

Wat nammers no oars is as by de oprjochting fan It Nijs yn 2009: Omrop Fryslân stjoert wilens fia de radio ek wrâldnijs yn it Frysk út.

Mear ferdivedaasje en mear kollums

De fêste lêzers soene noch faker op It Nijs sjen as der mear ferdivedaasje op te finen wie. Dat is yndied in rubryk dy’t oan ‘e krapperein komt. Der is likernôch in fearn dat wol mear langere stikken lêze wol en ek in fearn dat wol mear koartere stikken lêze wol. Fraachpetearen mei Fryske pommeranten en – tige spesifyk – stikken oer de enerzjytransysje yn Fryslân steane ek heech op it ferlanglistje fan ‘e besteande lêzers.

Hoewol’t der yn ‘e taljochting wol op wiisd waard dat der ferbettering mooglik is yn de foarmjouwing en de technyske mooglikheden fan it webstee, binne dat aspekten dy’t de fêste lêzers net skille kinne. Hja soene der net faker om op it webstee sjen as se feroarje soene.

Frysk

De besikers komme foar in grut part, om’t it webstee Frysktalich is. Foldocht it Frysk dan wat? Der wurdt fansels wolris wat oer sein yn de kommentaren, mar wol dat sizze dat de lêzers der ûntefreden oer binne? Dat blykt net it gefal te wêzen, út noch yn net, sels. 94 persint seit dat it oer it generaal goed is. Net ien wol dat der wat sprektaliger/ienfâldiger skreaun wurdt. 6 persint is fan betinken dat de taal wol wat gever/idiomatysker/skriuwtaliger mei.

De belangstelling foar it Frysk is ek te sjen oan de kar fan de nijsberjochten. It meast lêzen artikel fan 2019 oant no ta is Nederlânske kristenen wolle homo’s wer ta de kast yn en Aant Mulder syn kollum Ik wie smoar, mar dêrnei komme efterinoar seis ‘Fryskeigen’ artikels: Frysktaligen prate ûnderinoar NederlânskUndersyk: fiele jo jo Fries, Nederlanner of Europeaan?, Anty-Fryske-klisjees-bingoLeden Sis Tsiis prate oer aksje tsjin de AfûkLutz Jacobi fynt Fryslân te grien en De Fryske les op skoalle: werom nei spegele kearndoelen.

De lêzers en de skriuwers

Sa’t de besikersstatistiken ek dúdlik makken, hat It Nijs in trou lêzerspublyk. Dat is net allinne yn de statistiken te sjen, mar ek oan de ûnderwilens fêste groep nammen fan minsken dy’t op it webstee of op ‘e sosjale media reagearje op stikken op It Nijs. Yn de enkête sei 97 persint fan ‘e lêzers dat se op syn minst ien kear wyks op it webstee sjogge. 44 persint sjocht sels ien of mear kear deis oft der noch wat te nijs te melden is op It Nijs.

Hoewol’t It Nijs der op Facebook en Twitter hieltyd nije freonen by kriget, sakket it tal lêzen siden wol wat. Yn 2016 waard it webstee alle dagen sa’n tûzen kear besocht, no is dat om ‘e sânhûndert kear hinne. Dat bart, wylst it tal besikers jierrenlang omheech gie. It webstee siket dan ek om mooglikheden om it besteande publyk mear waar foar syn besite te jaan, mar ek om it wat minder útsprutsen Frysksinnige minsken te ynteressearjen.

As tips om it webstee oan mear lêzers te helpen, neame de fêste lêzers ûnder oaren: in app, in QR-koade en mear bydragen fan lêzers. It Nijs eksperimintearret sels op it heden mei wat mear lange stikken en wat minder nijs dat ek maklik by oare nijsmedia te finen is. Fierder wie de skriuwploech tydlik útwreide mei studinten Frysk. Boppedat binne der de ôfrûne tiid nije, aktive kollumnisten oan ‘e slach gien. De measte kollums fan Aant Mulder steane tige heech yn de lêzersstatistiken.

 

maart 4, 2019 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.