Lanlike Kompostdei

maart 26, 2019 11:05

Kommende sneon, 30 maart, is it wer Kompostdei. It is foar de trettjinde kear dat de lanlike feriening fan ôffalbedriuwen dy dei yn gearwurking mei de dielnimmende gemeenten organisearret. Ynwenners kinne dan fergees kompost ôfhelje. Dat is in tsjinprestaasje fan de bedriuwen en gemeenten foar de ynspanning fan de boargers dy’t it gft-ôffal skiftsje en grienôffal apart oanleverje. It is ek in manier om de boargers yn ’e kunde te bringen mei kompost om it brûken dêrfan yn de tún oan te moedigjen. Dat is fan grut belang foar de boaiem en it miljeu.

Yn Fryslân docht de gemeente Waadhoeke mei. De ynwenners kinne freed en sneon de kompost op ferskillende plakken ôfhelje. Mear ynformaasje dêroer stiet op www.waadhoeke.nl.

 

maart 26, 2019 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.