Kultuerfûns stipet 39 kultuer- en natuerprojekten

maart 16, 2019 10:45

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân stelt yn de earste omloop fan dit jier € 93.500 beskikber om 39 kultuer- en natuerprojekten yn Fryslân te stypjen.

Ien fan de begeunstige organisaasjes is de Stifting Fûns Fwar it Frysk. Dy kriget € 12.000 euro foar it skriuwen en útjaan fan in biografy oer Tony Feitsma. Dat wittenskiplik wurk sil skreaun wurde troch Liuwe H. Westra en sil gean oer de Fryske taal fan hjoed-de-dei en de Fryske identiteit.

Oare gelokkigen binne ûnder mear de Stichting Bunkerbehoud Terschelling, dy’t € 1.000 kriget foar de eksposysje Verborgen Landschap, en de Fryske Miljeufederaasje, dy’t € 4.000 kriget foar it projekt Bats yn Byld, ynformaasje oer de beskerming fan flearmûzen.

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, ien fan de tolve provinsjale ôfdilingen fan it lanlike Prins Bernhardfûns, stiet ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening.

maart 16, 2019 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.