Kroechbaas op wintersport

maart 2, 2019 07:00 Fernijd

Resint ferskynd

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

It kin der rûch omwei gean as in kroechbaas op wintersport giet. Sa hearde ik ris in ferhaal oer in kroechbaas, lit ús sizze dat er Durk hjit, dy’t nei de snie west hie mei freondin en freonen. Nei in pear dagen wie it nije der in bytsje ôf en dêrfoar ha se dêr de “Vergnügte Sechs” betocht. It is in soarte fan arranzjement, alles yn ien: sky, inklusyf lift, drinken en après-sky, de hiele reutemeteut foar ien priis.

Durk tocht earst noch dat it om seks gie, mar dêr hie it neat mei fan dwaan. Hja soene seis kear mei de lift nei boppen ta en dus seis kear op skys nei ûnderen. Alle kearen as se dan wer ûnder wiene, wie it de gewoante om ien snaps te nimmen, ta ferheging fan de feestfreugde, ear’t se wer mei de lift giene. Mar it smakke Durk sa goed dat dy meastal wat mear naam as ien.

Mei de lêste gong nei boppen ta wie Durk syn skys kwyt rekke. Hy miende wol dat er se meinommen hie en wist wêr’t er se delset hie, mar hy seach se net. No is Durk net sa gau benaud, dat dy skys komme wol wer boppe wetter, tocht er. Oermoedich troch de drank soe er wol efkes op syn skyskuon by de pyste del yn stee fan mei de lift. Dat soks net wol, wie net by him opkommen.

Dravend en sljurkjend gie er by de pyste del. Mar op steile stikjes gie it aloan hurder en dan koe Durk syn lykwicht net hâlde. Sa kaam er mannich kear te fallen, mei troch de drank fansels, en doe tocht er, ik bliuw mar lizzen, se helje my hjir mar wei. Hy wie nochal hurd op syn efterholle delkommen en dat jûke net. Hy hie der in pypskoft lein doe’t der in holle boppe him hong en frege: “Was wollen Sie, steh auf.”

Durk sei op syn Boeredútsk dat er wol nei ûnderen woe, mar dat soks net tafalt mei dy rotskuon. De Dútser woe him wol helpe; hie sels ek nochal aardich preaun. Hy sei tsjin Durk dat er wol by him efter op ’e skys stean koe, en as er him dan mei de earms om ’e mul goed fêsthold, dan kaam it grif klear. It like Durk wol in goed foarstel, sa’n lift mei de Dútser. Hy sette syn skuon efter op ’e skys en sa soene se leppeltsje-oan-leppeltsje glydzjend nei ûnderen. Earst stadichoan fansels, mar it gie geandewei hurder. Durk woe him wol festhâlde, mar de Dútser hie nochal in grauwe bierbúk, sadat er him lang net mei de earms omfiemje koe. It foel net ta om him goed fêst te hâlden. Dat wie fan dy gefolgen dat Durk mei syn dronken kop wer op ’e snie klapte. De Dútser hold ho en se besochten it noch in kear.

De twadde kear gie it goed en sa rekke Durk dochs noch mei in ‘skylift’ nei ûnderen ta. No’t it sa goed ôfrûn wie, stelde de Dútser foar om tegearre nei de après-sky te gean om noch efkes op ’e goede ôfrin te proasten. Hja hiene it tige nei ’t sin en de drank klokte lekker it kielsgat yn. Boppedat koene Durk en de Dútser it goed mei-inoar fine. Se songen en praten oan ien tried wei troch en sa fertelde Durk hoe’t er op ’e pyste bedarre wie. “No”, sei de Dútser, “dat hie my ek oerkomme kinnen, mar doe’t ik boppe wie, stiene dêr gelokkich in pear skys sûnder eigener en doe haw ik dy mar ûnderdien.” Doe waard it Durk dúdlik dat er in lift krige hie fan dy rotmof op syn eigen skys. Mar ja, wat kin men no oars ferwachtsje fan ien dy’t op syn efterholle fallen is.

 

maart 2, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.