Kommissaris en dykgraaf yn 14 oeren by Fryske stimburo’s lâns

maart 12, 2019 11:17

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en dykgraaf Paul van Erkelens meitsje op ‘e ferkiezingsdei 20 maart in rûnte fan 14 oere by stimburo’s yn alle 18 Fryske gemeenten lâns. Dat dogge se om de oandacht te fêstigjen op de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten en it Wetterskip.

Yn 15 gemeenten geane se nei it stimburo op it gemeentehûs. Yn Achtkarspelen nei in soarchsintrum, yn de gemeente Harns nei it doarpshûs fan Winaam.
De maraton begjint om 7.30 oere op Flylân. Dêrnei folgje mei de boat earst de oare Waadeilannen. Om 21.00 oere komme se oan op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dêr is ek de útslaggejûn fan de Provinsjale Steateferkiezingen.

maart 12, 2019 11:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.