Klimaat wichtiger as striemin waar

maart 10, 2019 16:48

Kloften aksjefierders lieten harren troch striemin waar net opkeare en teagen nei in grutte demonstraasje foar klimaatmaatregels yn Amsterdam: de klimaatmars. Fan ’e middei demonstrearren dêr in 35.000 oant 40.000 minsken, neffens rûzingen fan respektyflik de gemeente Amsterdam en de organisaasje. De mars sette mei taspraken útein op ’e Dam. Dêrwei marsjearren de dielnimmers fia it Rokin en de Vijzelstraat nei it Museumplein. De klimaatmars is ynearsten inisjearre troch Milieudefensie, de FNV, Greenpeace, Oxfam Novib, DeGoedeZaak en de Woonbond, mar sa’n fyftich organisaasjes en politike partijen ha harren dêrby oansletten. De dielnimmers sizze skjin harren nocht te hawwen fan dizinige boadskippen en easkje tenei konkrete ôfspraken oer klimaatmaatregels. De organisatoaren binne optein oer de man- en froumachtige opkomst en wolle ha dat it regear dêrmei no wol dúdlik it mannewaar opsein wurdt.

© Foto’s: Sjef Staps.

maart 10, 2019 16:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.