Kening State docht mei oan NLdoet op 16 maart

maart 11, 2019 09:18

Kening State (foto: Wessel van Wieren)

Op freed 15 en sneon 16 maart organisearret it Oranje Fûns foar de 15e kear NLdoet, de lanlike aksje dêr’t frijwilligers de hannen by út de mouwen stekke. Sa ek by wensoarchfoarsjenning Kening State. Dêr sille frijwilligers op 16 maart fan 10.00 oant 16.00 oere yn ’e mande mei de bewenners bakke foar de high tea dy’t middeis holden wurdt.

Kening State kin noch wat frijwilligers brûke. Minsken dy’t yn aksje komme wolle en meibakke wolle, kinne har oanmelde fia dizze link of skilje nei 088 – 3280090. By de high tea wurde de bewenners en frijwilligers traktearre op live muzyk.

It adres is Kening State 1 yn Frjentsjer.

maart 11, 2019 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.