Keamerkommisje nimt minister geweken oer it Frysk

maart 12, 2019 12:11

Minister Kasja Ollongren fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes; boarne Ryksoerheid / Arenda Oomen

De Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken wol in saneamd Algemien Oerlis mei minister Kajsa Ollongren oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Want har reaksje op in petysje fan de Ried fan de Fryske Beweging is de Keamerkommisje net nei it sin.

Yn desimber wie by de petysje in alternative Bestjoersôfspraak, skreaun troch de Ried, oanbean en de Keamerkommisje hie oan de minister frege om te reagearjen op de ferskillen tusken de beide stikken. Ein jannewaris kaam de reaksje, neffens de gongbere proseduere, yn de foarm fan in brief. Dy noaske de Fryske Bewegers net sa, sa docht bliken út harren reaksje dêr wer op: in brief dy’t yn febrewaris nei de Keamerkommisje stjoerd is, om dy sa goed mooglyk te ynformearjen oer de problematyk. De Keamerkommisje is likemin tefreden, sa falt ôf te lieden út it feit dat der no om in petear mei de minister frege wurdt. Dat petear – fan de Keamerkommisje mei de minister, de Ried mei net meiprate, allinnich mar taharkje op de publike tribune – is plend foar 24 april yn De Haach.

Yn har brief wiist de minister op de wichtige rol fan de Provinsje Fryslân om romte te jaan oan de Fryske taal. Mar foar de konkrete maatregels dêr’t de Ried op ta wol, docht bliken dat de Provinsje it foech mist. Utsoarte giet dy net oer Rykstsjinsten dy’t yn Fryslân warber binne. It brûken fan it Frysk foar opskriften op gebouwen en reauwen, bygelyks plysje-auto’s, op websiden en telefoanysk sil by dy tsjinsten dêrom troch it Ryk organisearre wurde moatte. Yn oare twatalige goaen yn Europa is soks gauris wizânsje.

Oanbieding petysje yn De Haach op 18 desimber 2018 troch fertsjintwurdiger fan de Ried Geart Benedictus oan de Keamerkommisje; © ItNijs.frl

Wat it ûnderwiis oanbelanget, hâldt de minister út dat it Ryk syn plicht dien hat troch de skoallen wetlik te ferplichtsjen om Fryske les oan te bieden. De Ried leit dêr tsjin yn dat dy ferplichting al omtrint fjirtich jier bestiet en dat noch hieltyd trijefearn fan de Friezen harren eigen taal net skriuwe kin. De Ried ferdútst dat neffens deselde wetten it draachflak foar it ûnderwiis yn it Frysk hifke wurde moat, wylst it foar de skoallen gjin ekstra ynspanning kostje mei. Sadwaande beslute skoalbestjoeren yn de praktyk dochs sels oer it Frysk taalûnderwiis. Dy kieze dan faak de maklikste wei. De minister wiist noch op kontrôle troch de ûnderwiisynspeksje, mar neffens de Ried docht dy gjin fertuten. Want fan in hifking fan de learresultaten troch toetsen komt noch hieltyd net folle op ’e hispel, wylst oant op heden by ûndersiken al faak konkludearre waard dat it ûnderwiis ûnfoldwaande wie, mar dêr is neat mei dien. Fangefolgen ûntfryskje de Friezen langer. Lês dêroer ek: part 1 fan ‘It is mei sizzen net te dwaan‘ fan Tom Dykstra.

De minister skriuwt fierder dat hja neat te sizzen hat oer de rjochtspraak. Mar de Ried bringt de Keamerkommisje yn it sin dat der in jiermannich lyn wol in ôfspraak mei de rjochterlike macht makke wurde koe, nammentlik dat itjinge dat yn it Frysk sein wurdt ek yn dy taal yn it prosesferbaal opnaam wurde moat. Lykwols is dy ôfspraak noch hieltyd net neikaam.

Om te bewurkmasterjen dat de belangen fan de Fryske minderheid tenei yn De Haach better behertige wurde, pleitet de Ried derfoar om it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes út te wreidzen mei in ôfdieling Fryske Saken.

Dat, der liket genôch te bepraten op 24 april.

It brief fan de minister is hjir te lêzen: kamerbrief-alternatieve-bestuursovereenkomst-friese-taal-en-cultuur-rfdfb; en de reaksje fan de Ried hjirre: Reaksje RfdFB op brief minister.

maart 12, 2019 12:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.