Kadepop Festival makket earste nammen foar 2019 bekend

maart 17, 2019 09:52

Op sneon 21 septimber 2019 wurdt de achtste edysje fan it Kadepop Festival holden yn Grins. Alwer de fjirde edysje op it eardere Suikerunie-terrein en de twadde edysje by it ferline jier iepene Stedslab. Jett Rebel is dit jier de promininte artyst. Dêrneist binne ek Ten Times a Million en Fate Boom taheakke oan it programma.

Mei Jett Rebel hat Kadepop wer in haadartyst fan alluere te pakken. In stikmannich haadartysten fan de ôfrûne jierren wiene ûnder oare Chef’s Special, De Staat, Kraantje Pappie en Typhoon. Jett Rebel wurdt sjoen as ien fan de kleurrykste persoanen yn de Nederlânske muzykwrâld. Sûnt it útkommen fan syn earste EP yn 2013 is it tige hurd gien mei syn karriêre.

Mei Ten Times a Million hellet Kadepop in protte ûntjittende rockbank nei Grins, mei pop en alternative ynfloeden dy’t by riten tinken dogge oan Queens of the Stone Age, Arctic Monkeys en Foo Fighters. It trippy elektro-hiphop-lûd fan Fata Boom, mei sjongeres, is ek in tafoeging oan it programma. Harren sjoo yn Simplon op 31 maaie oansteande wie samar útferkocht.

It folsleine programma fan Kadepop sil yn de kommende wiken bekend makke wurde. Sjoch op www.kadepop.nl foar mear ynformaasje.

maart 17, 2019 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.