Kaartferkeap ‘Turks Fruit’ is los

maart 12, 2019 09:19 Fernijd

It is al in skoftke bekend: dit jier bringt it Iepenloftspul Dronryp Turks fruit op de planken. En de kaartferkeap foar dit stik is no al los! De premjêre fan Turks fruit is op 21 juny. De oare spyldata binne: 22, 26, 28 en 29 juny, 5 en 6 july.

Turks fruit fertelt it ferhaal fan de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga. Olga komt úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor te ferstjerren. Skriuwer Dick Jansen rûn al langer mei it idee om, om fan Turks fruit in Frysktalige teaterferzje te meitsjen. Lang om let hat er it nije stik foar it Iepenloftspul Dronryp skreaun dêr’t sang en live muzyk in wichtige rol yn spylje. It skript is basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de populêre film fan Paul Verhoeven. Fierder binne der yn de ferhaalline brieven ferwurke fan Wolkers út de perioade dêr’t er letter it boek Turks fruit oer skreaun hat. Yn it stik wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf.

Underwilens binne de repetysjes, ûnder lieding fan regisseur Theo Smedes, yn folle gong. Efter de skermen wurdt ek al hurd wurke om dit jier wer in moaie foarstelling sjen te litten yn Dronryp.

Binne jo der ek nijsgjirrich nei, hoe’t dizze klassiker opfierd wurdt yn ‘e iepenloft? Bestel no al kaarten fia de webside iepenloftspuldronryp.frl. Dêr kinne jo ek terjochte foar mear ynformaasje.

maart 12, 2019 09:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.