Jongste starters fan ’e Jouwer op grutste fitnessbeurs fan Europa
Resint ferskynd

Damian Altenburg en Sebastiaan Kooistra. Foto Beastfull
Yn Keulen is fan 4 oant en mei 7 april de Fibo, de grutste fitnessbeurs fan Europa. It jonge bedriuw Beastfull út De Jouwer is dêr om syn nijste sportklean te yntrodusearjen.
Beastfull fan Damian Altenburg (25) en Sebastiaan Kooistra (25) út De Jouwer bestiet noch gjin jier. Op 28 maaie 2018 wie de offisjele lansearring fan syn merk fan fitnessklean en oanfollingen. De oprjochters studearren kommersjele ekonomy en hawwe beide in passy foar fitness. It begûn mei it ferkeapjen fan sportgadzjets oan freonen, mar ferline jier setten se útein mei in profesjoneel bedriuw. Mei harren merk Beastfull rjochtsje se harren op jonge, fitte manlju en froulju dy’t serieus dwaande binne mei sport en sûnens. Se ûntwurpen fitnessklean en tabehear dy’t by dy libbensstyl passe.
De FIBO (Fitness & Bodybuilding) is it walhalla foar fitness- en krêftsportfanatikelingen. Sportmoade is in belangryk ûnderdiel fan it evenemint dat fjouwer dagen duorret, mar trainingsapparaten, sportfieding en oare fernijende produkten foar in sûne libbensstyl binne der ek. Der wurde sa’n 10.000 besikers fan oer de hiele wrâld ferwachte.
Beastfull wie yn 2018 ien fan de finalisten fan de Enterprijs, de yn Ljouwert holden ferkiezing fan it bêste ûndernimmingsidee fan studinten út Fryslân. Dat wie net om ’e nocht. De beide jonge ûndernimmers út De Jouwer spilen mei harren startup yn op in ûntwikkeling dy’t de lêste jierren hieltyd mear nei foaren komt: sûn en fit wêze. Harren klean binne net allinne yn de sportskoalle te dragen, mar se binne ek te kombinearjen mei deistige klean en dêrtroch multyfunksjoneel.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje