Jangerben Mulder: SD trapet yn Nico’s bluf

maart 30, 2019 07:13

Histoarysk ferhaal

Boarne foto net te efterheljen

Begjin april 1945 wie de befrijing oansteande. De Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften (NBS) stiene klear om it wêromlûken fan de Dútsers sa dreech mooglik te meitsjen. Mar it boadskip om op tiisdei 10 april yn aksje te kommen, pakte min út. Nico (Dic. 111) kommandant fan de NBS en syn adjudant waarden oppakt yn Aldehaske en oerbrocht nei it beruchte buro fan de Sicherheitsdienst (SD) yn Crackstate op it Hearrenfean. It wie net dúdlik hoefier oft de alliearden opsketten wiene, mar it bolderjen fan kanonnen waard hieltiten lûder. Foar harren eigen feilichheid koene de minsken harren blydskip om de oansteande befrijing mar better binnendoarren uterje. Se moasten oppasse, want de lêste stûpen fan macht en geweld koene gefaarlik wêze. Op plakken dêr’t se yn de besettingsjierren noch hast nea in Dútser sjoen hiene, dûkten se no op. Harren taktyk wie om brêgen en alles wêr’t se de tsjinstanners mei keare koene te fernielen.

Op de earste mobilisaasjedei, snein 8 april, wiene der yn garaazjes auto’s klearmakke foar hûnderttachtich man om de alliearden by te stean. Dat is lykwols net trochgien, omdat it dochs te gefaarlik like yn ferhâlding ta it nuttich effekt. Yn Eaststellingwerf hiene de Dútsers in man dy’t Slim hjitte te slim ôf west. Alle wapens wiene yn beslach nommen en de hiele organisaasje rûn yn it hûndert. Tinus, ien fan de NBS, gie derhinne mei in nije foarried wapens. De seksjes dy’t oan de Bûtendykse Kavelstripe (no de P.G. Otterwei) leine, hiene driuwend ferlet fan harren wapens dy’t yn Lúnbert opslein leine. Dy moasten helle wurde út in boerepleats dêr’t ek Dútsers ynkertiere wiene. Mar om’t de wapens sa driuwend nedich wiene, moast it wol trochgean. Dat oan de iene kant fan de pleats waarden de wapens derút helle, wylst oan de oare kant de Dútske soldaten, wurch fan it weromlûken, leine te snoarkjen.

Crackstate (boarne: kolleksje Museum Heerenveen)

Oer de geheime stjoerders kamen belangrike kodearre boadskippen troch. ‘De fles is leeg’ en ‘Mijn fiets is kapot’, opdrachten foar de sabotaazjegroep om it weromlûken fan it Dútske leger te sabotearjen. Alles like geunstich. Yn Appelskea holden Frânske parasjutisten in brêge beset. En doe ynienen dy swiere klap: op tiisdeitemoarn 10 april stiene kommandant Nico en syn adjudant Wiebe flakby harren kertier op de dyk te praten, doe’t ynienen út de rjochting fan It Hearrenfean in oerfalwein mei grutte haast – en de mitrailleurs yn stelling – oanriden kaam. De beide manlju waarden oppakt en nei Crackstate brocht, Nico mei in bliedende wûne oan de holle troch in klap mei in sten. Nei alle gedachten wiene dy arrestaasjes tafallich. De Dútsers wiene ûnderweis nei in boer om dêr ferbeane materialen en in parasjute op te heljen. Se krigen argewaasje doe’t se dy twa manlju op de dyk seagen. Op Crackstate hiene se al gau troch dat se in bêste fangst dien hiene. De moffen hiene in aardich argyf opboud en dêrtroch kamen se te witten dat Nico distriktskommandant wie. Herr-oberterrorist neamde de SD him en dy earenamme spile him yn ’e kaart. It ferhoar wie swier en dreech, om it healoere út de sel, mar hy waard net mishannele. Wiebe hie it swierder. De SD’ers diene krekt as koene se de wrâld noch regearje, mar ûnderwilens sille se ek net blyn west ha. De alliearden kamen hieltiten tichterby. En it weromlûken fan harren eigen troepen, liet wol trochskimerje dat de sabotaazje harren net min útkaam. Yn de earste nacht fan Nico’s finzenskip leine se by Nijskoat beammen dwers oer de dyk en blaasden se in spoarline op. Dêrtroch tocht de SD dat de operaasjes yn syn gehiel yn hannen fan de kommunisten wie. Neffens harren wie Dirk (DOL. 111) de echte liedsman. Se neamden him de grutste kommunist fan Den Helder. Dêr hie Dirk nammentlik by de marine west. Nico spile derop yn troch te sizzen dat as er dat foarsjoen hie, hy him nea ynlitten hie mei dy affêren. Hy sei: “Jimme soene der belang by ha kinne dat ik wer frij man wêze soe, no’t ik de troep net mear yn ’e hân hâlde kin. As de NBS heart dat jimme my deasjitte, dan giet it hurd tsjin hurd en wurde der as represaille tsien SD’ers of NSB’ers ûnder skot nommen.” Underwilens joech er heech op oer it oantal manskippen en de bewapening. Der soe gjin Dútser mear feilich oer de strjitte rinne kinne.

Crackstate (boarne: kolleksje Museum Heerenveen)

De SD trape deryn. Op dúdlike betingsten woene se him wol frijlitte. Oan de sabotaazje moast dan fuortendaliks in ein komme en op freedtejûn soe er dan mei Dirk op de Rottemerwei by It Hearrenfean ferskine moatte. Sa hopen de SD’ers om Dirk, de man foar wa’t se skitend benaud wiene, yn ’e hannen te krijen. Nico sei alles grif ta op syn earewurd. En sa barde it wûnder: op woansdei 11 april kaam er as Dic. 111 wer op it stêfkertier, om de lieding wer op him te nimmen. Dêr wiene se by de NBS tige mei ynnommen. It earste beslút wie fansels dat men foar banditen oer jins earewurd net hoegde te hâlden. In pear oere letter waarden hûnderten brânbommen lein, fan Haskerdiken oant Willemsoard. Der waard in wiere slachting oanrjuchte ûnder de Dútske auto’s en by de Tsjongerbrêge fleach in Reade Krústrein út de rails. Ingelske jagers skeaten letter de lokomotyf sa lek as in gatsjepanne. Wat sille de Dútsers op Crackstate harren besoademitere field ha. En fan harren plan om Dirk te pakken, kaam neat telâne. In briefke fan Dirk holp ek al net om harren gerêst te stellen. Dêr stie yn dat, as de SD finzenen deasjitte soe, der dan tritich Dútske kriichsfinzenen itselde lot ûndergean soene. Der waard nammentlik grute dat as Nico net werom kaam, de Dútsers dan fuortendaliks tritich finzenen fan Crackstate deasjitte soene. It wie grutspraak fan Dirk, om’t er mar trije Dútske kriichsfinzenen hie. Mar in bytsje bluf koe gjin kwea. Sa soene de Dútsers witte dat Dirk de toutsjes noch fêst yn hannen hie. Mar der binne doe op Crackstate gjin represailles mear nommen. Hiel ûnferwachts binne de Dútsers ferdwûn en op saterdeitemoarn 14 april giene de seldoarren iepen. De marteling fan de finzenen wie foarby. Dyselde jûns wiene de earste Kanadeeske tanks op ’e Dracht. Snein de fyftjinde april wie it Fean befrijd.

Neffens it ferhaal dat yn 1954 yn it Hollânsk skreaun is troch Abe de Vries fan Boppeknipe.
maart 30, 2019 07:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.