Jan Willem Zwart: Ome Harm

maart 9, 2019 20:00

Kollum

Op 28 febrewaris fan dit jier begûn de maitiid. Dit jier noch foar de meteorologyske maitiid. It earste ljipaai waard fûn! It wie Eduard van der Hoek dy’t it fûn. Hy krige de sulveren ljip fan de kommissaris fan de Kening en de Boargemaster. It wie in wier feest. Dermei wie it ek fuortendaliks maitiid. Maitiid mei moai waar, grien gers en ûnrêstige fûgels. Hieltyd earder wurde de earste ljipaaien fûn, mar febrewaris is wol in hiel bysûnder rekôr. It is noch net iens salang lyn dat febrewaris de moanne wie fan de ledegearkomste en filmjûn fan de pleatslike fûgelwachtferiening. Meastal waard de jûn ôfsletten mei it ‘rad van fortuin’ en pryskes en in gleske bier. De haadpriis koe in polsstok wêze, om te brûken foar it aaisykjen. It ferienigingslibben fan de fûgelwachten bestiet hast net mear en filmjûnen hat elkenien thús op syn eigen kompjûter. De tiden binne feroare.

Ome Harm kaam altiten de earste wike fan april nei Fryslân ta. It wie syn fakânsje om mei ferskate minsken it fjild yn te gean en aaien te sykjen. Meastal ljipaaien, soms ek wol ris in skriesaai. Mei in pet fol mei aaien op hûs oan. Thús waarden de aaien sean om se letter op in stikje roggebrea op te iten. Dat wie foar in hiele protte Friezen it begjin fan de maitiid. Ome Harm wie tusken Akkrum en Nes opgroeid yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw. It wie in moai hanneltsje om aaien te ferkeapjen oan minsken yn de stêd dy’t it maitiidsgefoel ek hawwe woene. Ljipaaien waarden ferkocht as delikatesse. Ome Harm ferhuze krekt foar de oarloch nei Bilthoven, it plak dêr’t hy en tante Betsy harren hiele libben wenne hawwe. Ome Harm hat hiel wat aaien fûn yn syn libben, dochs socht hy se altyd yn de tiid dat it koe. Earst wie dat oant 19 april, doe oant 12, 6 en 3 april en letter koe it allinnich noch as men in aaisikerskaart hie. Aloan mear aaisikers bleauwen thús en doarden net mear yn it fjild te gean. Neisoarch, dat sa gewoan wie foar aaisikers, hold op. Der binne noch mar in protsje echte aaisikers dy’t noch oan neisoarch dogge. It Fryske fûgelwachtbûn (BFVW) hat der klauwen oan om genôch minken te krijen foar neisoarch en fûgelbeskerming. Eigentlik moat der op in folle heger nivo beskerme wurde. Mear fûgeltsjelân en wat dwaan tsjin de klimaatferoaring.

De sulveren ljip is it symboal fan it earste ljipaai, mar miskien wol mear foar it feroarjende klimaat en lânskip. De iennige plakken dêr’t men nei in moarntiid sykjen in petfol aaien fine kin, binne yn ôfsette natuergebieten dêr’t, leafst biologysk greidefûgelbehear tapast wurdt en dêr’t roasters tsjin de foksen om hinne steane. Der moat hurd wurke wurde om dat typyske gefoel fan maitiid yn Fryslân te behâlden. 28 febrewaris, it earste ljipaai yn Vegelinsoard earder dan ea. Ome Harm soe it net begripe. Begripe wy it sels?

 

maart 9, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.