Jan Schokker: Stress-sweltsjes

maart 2, 2019 20:00 Fernijd

Kollum

© Jan Schokker

Se dûke hast alle dagen by ús bedriuw de oprit yn, de besoargers fan PostNL, DHL, UPS en DPD. Sa drok as sweltsjes, sa gysten ek. It buske, fol mei pakketten, moat sa gau mooglik leech en dat is bealgjen. Der binne pakjes by dy’t foar in bepaalde tiid teplak wêze moatte. Dat kin inkeld as se ymprovisearje en dus in rûte ride dy’t net werklik ekonomysk is. Mar de klant is kening en de besoarger de lakei. Ik tink dat de bedriuwen dy’t de pakketten besoargje litte it leafst ha dat de besoargers it op de knibbels ôfleverje. Want wa hat derom frege dat it pakketsje de oare deis al by de klant wêze moat? Moai dat it kin, mar eins is it idioat. Wat sette se der in druk op, allegearre stress. Der binne sels webwinkels dêr’t men oant jûns tsien oere bestelle kin en dan noch hat men it de oare deis al yn ’e hûs. De oarderpikkers sille wol heech oplate en min betelle robotten wêze, mar it is in service dy’t by it kriminele om ’t ôf is. Foar fiif euro bringe de besoargers it teplak en dat binne gjin robotten.

Hoewol? DHL – en nei alle gedachten de oare oanbieders ek – ha de besoargers útmeunstere mei in mobyl dêr’t in app op sit dy’t in smiley jout as se noch op tiid ride en in read tomke dat nei ûnderen wiist by fertraging. Dat is lullich as men de hiele middei mei it swit op de holle sa’n negatyf symboal yn byld hat. Ik freegje geregeld oft sa’n DHL’er in bakje kofje ha wol, mar dêr is faak gjin tiid foar. Ik ha wolris ien hân dy’t hielendal yn panyk wie. In jong fanke noch.
“Nee nee nee, gjin kofje! Bin noch lang net klear!”

Fan ’e wike wie der ien dy’t by sa’n fraach glimke.
“Graach”, sei er, “it komt my net sa faak mear oer dat ik in bakje oanbean krij.”
“Eigen skuld”, sei ik, “jimme binne faak sa hastich dat ik meastentiids allinne in stofwolk sjoch en as dy oplutsen is, stiet der in pakketsje yn de hal en brûst der in buske it hiem ôf.”
De man, dy’t ik rûsde op sa’n santich jier, lake en wie sa ûntspand as wat.
“Ik meitsje my net sa drok. Sjoch, as men der in hypoteek fan ôflosse moat, dan stiet der druk op, mar ik krij geregeld wat oermakke fan de AOW en wat pensjoen. Nee, ik doch it foar de ferdivedaasje.”
Lakei wêze foar de ûntspanning? Bring dan iten del by de âlderein, dan tsjinnet it ek noch in goed doel. Soks sei ik ek tsjin him.
“Nee, dat komt te tichteby. Myn frou is foarich jier stoarn, se hat de lêste jierren fan har libben yn in rolstoel sitten en ik moast har oeral mei helpe.”
De hjitte swarte kofje kin er aardich daaie.
“Och, heal oerke letter thús, wat makket dat út?”
“En hasto ek sa’n app foar de motivaasje? It tomke sil by dy hast de hiele dei wol op ’e kop stean.”
“Ha ha, ja werklik wol, mar ik fergelykje it mei de dramatyske bylden op de sigaredoazen. Dat boadskip komt nei de tredde kochte ferpakking ek net mear oer.”

Mar wat in ferskil yn belibjen. It kin ek gjin sûn wurk wêze as men der mei safolle stress yngiet lykas dat famke dat gjin kofje ha woe. Mar nettsjinsteande it feit dat de druk heech lei, fûn sy it wurk miskien wol bysûnder. Ik moast oan myn eigen wurk tinke. Eigen baas, moai ambacht, frij man, mar doe’t ik fyftich jier âld wie, wol finaal ôfbrând.

Kinne wy immen noch rêde troch te warskôgjen foar de stress-duvel? Dogge se dêr yn de oplieding fan de bern ek wat mei? Moat ik de pakketbesoargers bygelyks yn de kantine opslute en harren ûnder in bakje kofje – of better noch mei in glês wetter en tsien paracetamoltsjes – ûnder hannen nimme? In preek hâlde, fertelle oer myn eigen ûnderfining? Mar ja, ik wie sels ek sa eigenwiis om my hielendal yn, ûnder en op it wurk te stoarten. Dêr hie gjin master, gjin âlden, gjin dominy wat oan dwaan kinnen.

Ja, dy sweltsjes. Ek drok, want fyn tsjintwurdich mar in noflik plakje om in nêst te bouwen. Oan de oare kant: moai bûten, kinst oeral hinne fleane, gjin read tomke op it mobyltsje, gjin hypoteek, frij wenje en iten by de rûs. Dy sweltsjes sille wol gjin besef fan stress hawwe, it is in fêst libbenspatroan, meikrige yn in grutter plan. Sy kinne inkeld net stadich fleane, dan falle se bygelyks te pletter op de DHL-buskes.

Mar minsken kinne har wol oanpasse en soene eins net fleane moatte foar in DHL of hokker multinational dan ek. En beslist net krûpe as in lakei. Dat soe ús hiel wat minder lijen besoargje.

maart 2, 2019 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.