Jan Schokker: Oanfinkfûgels

maart 4, 2019 18:57

Kollum

© Jan Schokker

Meikoarten meie wy wer ris wat oanfinkje en dêrom moatte wy it efkes ha oer de frjemdste fûgelsekte yn ús ierdske foliêre: de samling pauwen, eksters, ûlen, roeken, finkjes, einen en  pappegaaien yn de polityk. Der is wat mis mei dy ûnbidige populaasje: te folle feale kleuren. Want hoe giet soks? Dy fûgels wurde oerspuite yn in sels keazen RAL-kleur en betinke dêrnei in sankje dat se foarsjonge moatte by in keppel partijprotters op in prikje. Stimt de karkommisje dermei yn, dan komme se op de tentoanstelling yn in moaie kouwe foaroan yn de skynwerpers te hingjen. Wy grize dowen kieze op de grutte dei dan op kleur of útstrieling en in inkeld kear op ynhâld en toanhichte fan it sankje. As guon fûgels falsk sjonge is it op sa’n dei amper te hearren, want se sjonge allegearre it heechste lied dwers trochinoar hinne en ja, dy’t it fûlste lûd hat, falt it meast op.

Uteinlik kriget in bûnte samling fûgels de measte punten en dy moatte mei-inoar yn ôfdutsen foliêren yn lytse keamers efterôf besykje ta ien útfiering te kommen. Dat slagget nea fansels, it hat selden in fêst ritme, it is meastal in kanon of in slachsang dy’t healwei ophâldt en yn moaiskyn stjert. Te folle kleuren, te folle lûden, it sjilpet, it âlet, it tetteret, it fluitet en it slimste is dat it komselden suver is. De measten fan ús, it stille graue folk dy’t dy bûnte reinbôge keazen hat, kinne it net langer oan earen en eagen ferneare, en soene efterôf faaks it leafst in grutte rôffûgel keazen hawwe om fan dat ûnhuerich disharmoanysk flierefluitsjen ôf te wêzen.

No wol ik fansels ús politisy net bespotlik meitsje troch dy fergeliking, mar yn alle earnst, ik haw wol noed. Wêrom fertrou ik dy seleksje net mear? By alle fûgels dy’t har hearre litte, yn hokker media dan ek, ha ik mar inkeldris it gefoel dat it lûd oprjocht en it doel dúdlik is. Ik snap it dat de ferpakking moaier is as it boadskip, en ek dat der in taktyk ûnder sit, want sa binne wy grutbrocht, mar dat wy, de  grize dowen, net fernimme dat harren wurk fertuten docht, fyn ik kwealik. Earst al dy fleurige plannen tasizze en dan it ûnûntkomber draaien, ûntkennen en fertraagjen is it fallyt fan in systeem fan te folle partijen. Se moatte earst mei-inoar ris goed belied meitsje, dat mei arguminten rjochtfeardigje en it dan gewoanwei útfiere. Mei al dat ferskaat oan kleuren, al dat tsjotterjen tsjininoar op kinne dy frjemde fûgels fan har libbensdagen nea mienskiplik slachfeardich wêze!

Moatte wy net wat betters betinke? Ik doch in foarset. Waskje earst al dy fûgels mei tuskentinten en set dy fuortdaliks oan it wurk yn de âldereinsoarch. Dan binne wy dêr klear mei. Kies út wat oerbliuwt ien tûke reade ûle, ien griene kanarje en ien eigenwize blauwe pau. Dy trije krije de lieding, bystien en op de wjukken sjoen troch in tal betûfte, hurd wurkjende protters. Wy litte se tsien jier bealgje en dêrnei moatte wy mar wer ris op ’e nij hearre hoe’t de fûgels fluitsje.

maart 4, 2019 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.