It is mei sizzen net te dwaan (5, beslút)

maart 26, 2019 08:09

troch Tom Dykstra

Ferlies fan dyn taal giet djipper as it ferlies fan dyn lân!

Yn de foarige ôfleveringen fan dizze rige oer it ûnderwiisbelied yn it Frysk falt spitigernôch gjin opgeande line te konstatearjen. Hoewol’t Ryk en provinsje sizze dat it better kin, is de regeljouwing foar it Frysk net emansipearjend en wurdt de (politike) situaasje fan efterstelling yn it ûnderwiis net oantaast. It (kollektive) probleem fan de Fryske taalmienskip is net op te lossen troch allinnich de klam te lizzen op de persoanlike ambysje fan yndividuele learkrêften en skoalbestjoeren sa’t no it gefal is.

De regeljouwing foar it Frysk yn it ûnderwiis hat yn ferliking mei dy foar it Hollânsk net lykweardigens as útgongspunt. Op skoallen en ek yn de iepenbiere romte yn ús provinsje is it brûken fan ús taal gjin rjocht, mar earder in geunst. It is ommers hast in gewoante dat de foarsitter oan it begjin fan in gearkomste earst freget oft elts it Frysk ferstiet en oft der Frysk praat wurde mei. En foar in ‘ferbod’ op it Frysk hoecht mar ien de finger op te stekken! Ut respekt foar inoars taal is ûnderwiis yn it Frysk dêrom foar alle bern fan belang en draacht taalterreur net by oan in mienskip mei takomst.
Wêr falt dan beliedsmjittich oan te wurkjen?

a. Undemokratyske wetjouwing oanpasse
It feit dat it Ryk syn ‘ferantwurdlikheid’ foar it Frysk net opjaan wol en de provinsje eins allinnich mar ferantwurdlik is foar útfieringstaken, betsjut dat der sprake is fan twa ‘hearen’. Oerheden, dy’t net itselde tinke oer it ûnderwiis yn it Frysk. De provinsje is bûn oan it wetlike betingst dat der draachflak by de skoallen wêze moat – in novum yn ûnderwiislân. Dêrtroch wurdt it rjocht op ûnderwiis yn de taal ôfhinklik makke fan positive of negative opfettingen fan de ûnderwiisminsken sels. Gauris is der sprake fan in lege ambysje. Resint I&O-ûndersyk ûnder Nederlanners nei de bining mei harren provinsje jout lykwols oan, dat trije fan de fjouwer Friezen tige grutsk op eigen taal en kultuer binne.
Ryk en provinsje ha gjin ûndersyk dien nei draachflak ûnder de befolking foar ûnderwiis yn it Frysk. Dat is yn 2012 ek de krityk fan de Raad van State (RvS) op de draachflakkonstruksje yn de konsept-wetsútstellen foar it Frysk. Yn syn rapport fan 2010 sjocht de ynspeksje as probleem (te min) draachflak ûnder skoalbestjoeren, mar dat wol neffens de RvS noch net sizze dat soks ek jildt foar de Fryske befolking en it provinsjebestjoer. Sa is út it ynspeksjerapport fan 2006 bekend, dat direksjeleden yn it basisûnderwiis it belang fan âlden by ûnderwiis yn it Frysk gauris ûnderskatte mei alle gefolgen foar de posysje foar it Frysk op de skoalle.

It Rapport Taalplan Frysk (2018) docht dan ek mei rjocht in twatal oanbefellingen foar in needsaaklike ferbettering fan dat wetlik ramt mei as kearn: wat te dwaan as in skoalle net oan de kearndoelen foldocht (s. 230-231):
1. It fuortsterkjen fan it (fak) Frysk heart net allinnich in inisjatyf fan de skoallen sels te wêzen, mar de provinsje sil ek in aktyf belied fiere moatte dat op hanthavenjen rjochte is. Der is noch ûnfoldwaande sprake fan ûnderwiisbelied dat rjochte is op ‘sa fier mooglik komme’.
2. It ferskil yn taaleftergrûn fan de learlingen heart net as argumint brûkt te wurden om hiaten yn it (ferplichte) oanbod te ferklearjen en/of te ferantwurdzjen. By in grutte fariaasje yn taaleftergrûn is in rike taallearomjouwing (d.w.s. in ryk oanbod) in earsten eask, sadat alle learlingen de taal leare kinne en ek leare te brûken.

It wetlik ‘draachflak’-betingst docht gjin rjocht oan ôfspraken yn ynternasjonale ferdraggen (lykas it Europeesk Hânfêst, kêst 8). It docht likemin rjocht oan de Fryske taalmienskip en moat mei it each op de takomst sa gau mooglik skrast wurde.

b. De Frysk-fijannige ‘Beleidsregel’ fan tafel
De provinsje hat nei oerlis mei it ûnderwiisfjild yn de Beleidsregel 2015 keazen foar it trochsneed behearskingsnivo fan it Frysk yn de (skoal)mienskip as it wichtichste kritearium foar ûntheffing. Skoallen kinne dan in ûnderwiisprofyl kieze mei in foar alle learlingen gelikens oanbod fan mear of minder ferplichte kearndoelen Frysk.
Eins kin dat net, want minder dwaan as dat wat wetlik ferplichte is, is mei de wet yn striid. Ynstee fan in ryk differinsjearre oanbod nei te stribjen mei it each op de taalferskillen yn de groep (learlingnivo) makket de skoalle foar alle bern deselde kar út dy kearndoelen (skoalnivo). Benammen de Frysktalige bern wurde dêr it slachtoffer fan, omdat de kearndoelen foar de skriftlike feardichheden as earste skrast wurde.
It jaan fan parsjele ûntheffing (d.w.s. foar in part fan de kearndoelen) is bedoeld foar beskate net-Frysktalige bern om fan harren net daliks alle foarskreaune taalfeardichheden te freegjen. It ferplichte ûnderwiis yn it Frysk wurdt lykwols mei it ûntheffingsbelied yn de Beleidsregel ûnderstek dien en flink útholle ta in earm Frysk taaloanbod foar alle bern.
Neffens de skriuwers fan it Rapport Taalplan Frysk spilet de taaleftergrûn fan de learkrêften dêr in grutte rol by. Hja konstatearje in relaasje tusken de kar foar in leger profyl en it tal net-Frysktalige learkrêften oan in skoalle. In relaasje dy’t der eins net wêze mei. It analfabetisme yn it Frysk wurdt dus mei feroarsake trochdat in grut part fan de groepslearkrêften net betûft is om ûnderwiis yn it Frysk te jaan en dat ek gauris net feroarje wolle. Yn it primêr ûnderwiis is dat benammen it gefal. Yn it fuortset ûnderwiis is dat better, want dat skoaltype wurket mei faklearkrêften

Mei it each op kwalitatyf goed ûnderwiis yn it Frysk moat de Beleidsregel mei differinsjaasje op skoalnivo ferdwine, omdat it ûnderwiis yn it Frysk sa ‘fan de wâl yn ’e sleat’ holpen wurdt. Mei differinsjaasje op learlingnivo kinne feardichheidsferskillen tusken de bern opheind wurde sa as dat ek by oare fakken it gefal is.
Fierder sille alle learkrêften – benammen dy yn it primêr ûnderwiis – op termyn by steat wêze moatte om meartalich ûnderwiis te jaan oan bern mei it Frysk as earste of twadde taal.
Yn it fuortset ûnderwiis hâldt dat yn dat it Frysk tenei in ferplichte eksamenfak foar alle learlingen wurdt, want ferplichte eksamens hawwe grutte ynfloed op de kwantiteit en kwaliteit fan it learoanbod.

c. Tekoartsjittend tafersjoch
Neffens de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 (BFTK) sil de ûnderwiisynspeksje syn taak foar it ûnderwiis yn it Frysk wer opnimme troch:
a) it reguliere fjouwerjierlikse ûndersyk nei hoe’t it skoalbestjoer tafersjoch hâldt op kwaliteit en oanbod fan it Frysk en, as dêr reden ta is, de skoalle in ferbetteropdracht jaan en
b) oant 2030 twaris in tematysk ûndersyk te dwaan nei de ûntwikkeling fan it oanbod Frysk. Yn 2019 sil it earste tematysk ûndersyk al útfierd wurde (meidieling fan de ynspeksje op de konferinsje Frysk yn it ûnderwiis yn Thialf op 20 septimber 2018).

In tige frjemde gong fan saken. Oan temarapportaazjes is op it stuit alhiel gjin ferlet. De inket fan it prima Rapport Taalplan Frysk fan septimber 2018 is ommers noch mar amper drûch. De ynspeksje liket boppedat ien fan de beide pylders fan syn wurkwize te ‘ferjitten’, nammentlik dy fan de jierlikse prestaasje-analyze neist it fjouwerjierliks ûndersyk.
Neffens it ‘Onderzoekskader voorschoolse educatie en primair onderwijs’ (fan 1 july 2018) is dat needsaaklik, want: ‘Deze combinatie van de kortcyclische prestatieanalyse en de langcyclische vierjaarlijkse onderzoeken geven in samenhang een betrouwbaar beeld van de onderwijskwaliteit, de kwaliteitszorg en het financieel beheer’ (s. 30). De betrouberens fan it tafersjoch op it Frysk komt dus slim yn ’e kiif te stean as net neigien wurdt wat de bern fan de taal opstekke.

Foar ‘taal’ (= Nederlandse taal) en ‘rekenen/wiskunde’ bygelyks is dy kombinaasje al lang regel. Yn it basisûnderwiis wurde mei betroubere en falide toetsen en mei learlingfolchmateriaal systematysk de kennis en feardichheden fan de bern op dy kennisgebieten byholden en yn groep 8 folget dan de ferplichte en gauris ‘gevreesde’ lanlike Eindtoets Basisonderwijs. It ‘ynstrumint’ om de ‘basiskwaliteit’ fan it ûnderwiis oan de weet te kommen troch ûnderlinge ferliking fan de resultaten.
No wie dy toets eartiids yn it libben roppen as helpmiddel foar de basisskoalle om in ferantwurde advys jaan te kinnen as de bern de stap nei it fuortset ûnderwiis sette sille. Hjoed-de-dei wurdt er ek ynset as middel om de kwaliteit (fan ‘Nederlandse taal en rekenen’) te mjitten. In grut neidiel dêrfan is dat it liedt ta in tryste ferskraling fan it basisûnderwiis op oare fakgebieten. Dat treft ek it Frysk. De druk dy’t útgiet fan dy eintoets keart ek it Frysk as ferplichte taal – soms sels op advys fan de ynspekteur – út de measte basisskoallen.

De ûndersikers pleitsje der yn Rapport Taalplan Frysk dan ek foar dat it belied de kommende tiid rjochte wêze moat op hanthavening – mei ferdrach fansels – mei in fokus op de wetlike ferplichting en in dúdlike rol fan de ynspeksje (s. 230). In rol dêr’t ynspekteur-generaal frou Vogelzang by de presintaasje fan it Rapport Taalplan Frysk op 20 septimber 2018 yn Thialf oer sei dat de ynspeksje net fan doel wie ‘efter skoallen oan te jeien’. No is ‘jeie’ grif gjin goede oanpak, mar it wie oan alles te fernimmen dat hja der noch net oan ta wie om serieus nei te gean oft skoallen foldogge oan de grûnwetlike ‘deugdelijkheidseis Fries’.

It yn de BFTK ’19-’23 útstelde tafersjoch fan de ynspeksje is dan ek nét rjochte op wat der berikt (de resultaten) wurdt mei it ûnderwiis yn it Frysk, mar wat de skoallen deroan dogge en derfan fine. Ferhalen lykwols oer wêrom’t skoallen ûnderwiis yn it Frysk net ‘helber’ achtsje, binne der al genôch en helpe it Frysk net fierder. It om de safolle jier ‘temperatuerje’ fan it Frysk op skoalle (LC 16 maart 2019) is neffens Twadde Keamerlid H. van der Molen (CDA) dan ek ûnfoldwaande foar kwaliteitsferbettering. De útstelde tematyske ûndersiken en de fjouwerjierlikse ûndersiken jouwe boppedat fierhinne itselde sûnder systematysk te sjen nei wat der echt leard wurdt troch de learlingen.

Betinken kin der ek wêze tsjin it feit dat de ynspeksje yn it ramt fan it rinnende temaûndersyk 2018-2019 fan bern fan de basisskoalle in fragelist freget yn te foljen oer ‘wat jullie vinden van het Fries op jullie school. By myn witten hat de ynspeksje nea earder basisskoallebern frege harren oardiel te jaan oer in bepaald fak. Wol de oerheid sa foar syn ferantwurdlikheid – it algemien belang – foar it Frysk fuortrinne en it oan it oardiel fan de bern tabetrouwe, dy’t mooglik amper Frysk hân ha?

De ynspeksje kin, neist de reguliere fjouwerjierlikse ûndersiken, daliks úteinsette mei alle jierren nei te gean wat de ‘resultaten’ foar it Frysk binne. Yn de kommende BFTK-perioade 2019-2023 kinne de keazen profilen dêr earst noch as útgongspunt foar brûkt wurde.
Tagelyk mei de kar foar differinsjaasje op learlingnivo kinne te kiezen profilen ôfskaft wurde en sil wurke wurde oan reguliere jierlikse toetsing foar it Frysk yn de ferplichte Eintoets Basisûnderwiis.
De tematyske ûndersiken kinne dan ferfalle.
Mei in ferplichte eksamen Frysk kin de kwaliteitskontrôle yn it fuortset ûnderwiis syn gerak krije.

d. Gjin útklaaide kearndoelen Frysk
Sûnt 2006 binne de kearndoelen Frysk net langer spegele (= lykweardich) oan dy foar it Hollânsk, omreden dat dy foar net-Frysktalige bern net helber (berikber) achte waarden. Dy eask fan helberens foar eltse learling is lykwols net relevant, omdat it skoaloanbod Frysk sa ryk heart te wêzen dat alle bern de kâns krije harren taalfeardichheden optimaal te fergrutsjen mei as doel om dielnimmer wêze te kinnen yn de Frysktalige taalmienskip.

Yn it Rapport Taalplan Frysk wurdt dêrom de fraach steld oft kearndoelen wol eksplisyt neffens taaleftergrûn fan learlingen differinsearje moatte sa’t dat op dit stuit mei dy foar it fuortset ûnderwiis it gefal is. In yndieling yn taaldomeinen (ek wol taalskiften), lykas yn it primêr ûnderwiis, hat de foarkar fan de ûndersikers en kin soargje foar in bettere ôfstimming tusken de skoaltypen. It as skoalle skrasse kinnen fan ferplichte taaldomeinen foar alle bern neffens de Beleidsregel (2015) is in folslein ferkearde wei, omdat dan net foldien wurdt en wurde kin oan de ferplichting fan in ‘ryk’ taaloanbod.

Op dit stuit is in wurkgroep dwaande mei in konsept foar nije kearndoelen Frysk. Yn kêst 9.8 (Wet primêr ûnderwiis) en kêst 11.e.4 (Wet fuortset ûnderwiis) wurdt in ûndergrins oanjûn foar nije kearndoelen Frysk. De minister fan O&W hat it foech gjin goedkarring te jaan oan in fêst te stellen konsept kearndoelen Frysk as gjin omtinken jûn wurdt oan
a. het zich mondeling uitdrukken in het Fries en het verstaan van de Fries gesproken taal,
b. het zich schriftelijk uitdrukken in het Fries en het verwerven van informatie uit in het Fries gestelde teksten,
c. bevordering van het begrip van de Friese taal, en
d. het ontwikkelen van een positieve houding ten aanzien van het gebruik van het Fries.

Alle taalskiften/-domeinen – sawol passyf as aktyf – moatte der dus yn foarkomme. No is dy wurkgroep al moannen oan it wurk en it gefaar is grut dat oanstjoerd wurdt op differinsearre kearndoelen neffens de systematyk yn de Beleidsregel 2015. Dêr soe de provinsje net yn meigean moatte op grûn de lykweardichheid fan it Frysk yn in meartalich skoalkonsept. Better is te wurkjen oan in trochgeande learline Frysk yn it ûnderwiis. Of om de BFTK ’19-’23 te sitearjen: “(…) fan pjut oant promovendus, de goede rânebetingsten foar it balansearre oanbieden fan de Fryske taal kreëarre binne.” (s.13).

By it fêststellen fan in konsept foar nije kearndoelen Frysk (2019) wurdt útgien fan in lykweardige posysje fan it Frysk oan it Hollânsk. In karmenu fan profilen op skoalnivo is net nedich, omdat ferskillen yn taalbehearsking ûnderwiiskundich ferantwurde oplost wurde mei differinsjaasje op learlingnivo.

e. Ferlet fan yntegraal meartalich lesmateriaal
Yn de BFTK 2019-2023 wurdt steld dat der in opkommend ferlet oan ‘refitalisearring’ fan (meartalich) ûnderwiis is. Nij ynsjoch yn meartalich ûnderwiis as in foarm fan ‘translaguaging’ (d.w.s. it fleksibel brûken fan de oan te learen talen) ferget dan meartalich lesmateriaal mei ek omtinken foar it Frysk as fier- en ynstruksjetaal by de oare fakken. It Rapport Taalplan Frysk wiist dêrop mei ferwizing nei de profesjonalisearring fan learkrêften/dosinten (s. 235).

It Frysk ek as fiertaal by oare fakken is nedich, omdat de bern binnen en bûten de skoalle op hieltyd jongere leeftyd mei Nederlânsk en Ingelsk konfrontearre wurde. As yn teksten en it taalgebrûk by oare fakken it Frysk nét en de beide oare talen (Hollânsk en Ingelsk) wól oan de oarder komme, giet de kwaliteit fan harren Frysk hurd efterút.

It is needsaaklik dat de provinsje in stjoergroep fan saakkundigen ynstelt mei as taak it ûntwikkeljen fan yntegraal meartalich lesmateriaal foar it ûnderwiis yn Fryslân. Organisaasjes as de Fryske Akademy (taalwittenskip), de Afûk (ûntwikkeljen fan [Frysk] lesmateriaal), it Cedin (skoalbegelieding foar it Frysk), de hegeskoalle NHL Stenden (oplieding) en fertsjintwurdigers út it ûnderwiisfjild soene dêrby belutsen wurde moatte.

Ta beslút
Yn de ôfleveringen 1 oan 5 fan dizze rige ‘It is mei sizen net te dwaan’ is besocht om in byld te jaan fan hoe’t der beliedsmjittich omgien wurdt mei it (ferplichte) ûnderwiis yn it Frysk. Wat dy ferplichting oangiet, dy wurdt teneate dien trochdat frijbliuwendheid sintraal stiet en de ambysje fan skoaldireksje en personiel beskiedend is foar it wol of net opnimmen fan Frysk yn it skoalprogramma. Mei sok oerheidsbelied sil it net slagje om de maatskiplike efterstelling fan it Frysk te trochbrekken en it as in fanselssprekkend earste taal yn de provinsje te behâlden.
Hoewol’t de taalmacht fan it Frysk ôfnommen is, is ‘refitalisearring’ net ûnmooglik, as útgien wurdt fan in lykwichtich meartalich konsept. Ryk en provinsje sille dan ôfskied nimme moatte fan it frijbliuwend belied foar it Frysk sa’t dat yn regeljouwing en de BFTK ’19-’23 stal krige hat. It is mei sizzen net te dwaan.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.
maart 26, 2019 08:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes maart 26, 13:12

    Friezen, lês en skriuw it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.