It is mei sizzen net te dwaan (4)

maart 21, 2019 19:39

troch Tom Dykstra

Yn ôflevering 2 fan dizze rige stie it belied sintraal om te kommen ta desintralisaasje fan it foech oer it ûnderwiis yn it Frysk fan Ryk nei de provinsje Fryslân. Oflevering 3 joech in oersjoch fan hoe’t de provinsje dêr belied op makke en de teloarstellende resultaten binne werjûn yn it ynventarisearjend NHL-ûndersyk Rapport Taalplan Frysk 2018.
Yn dizze ôflevering stiet de nije bestjoersôfspraak – Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023 (tenei BFTK ’19-’23) – sintraal en hokker ynfolling de taak fan de ûnderwiisynspeksje krige hat.
Hoewol’t der yn de BFTK ’19-’23 rom omtinken is foar ûnderwiis yn it Frysk, wurde der gjin dúdlike stappen set om dy posysje te fersterkjen. Dêrom dat dat de Ried fan de Fryske Beweging de Vaste Kamercommissie van Binnenlandse Zaken fan de Twadde Keamer yn desimber 2018 noch in petysje oanbean hat om oan te jaan net tefreden te wêzen mei de ynhâld fan de BFTK ’19-’23.

Oanbieding fan de petysje fan de Ried fan de Fryske Beweging oan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken yn De Haach op 18 desimber 2018. (foto Aant Mulder)

De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023
In bestjoersôfspraak is de delslach fan ôfspraken op it mêd fan it Frysk, dy’t Ryk en provinsje Fryslân om de fiif jier meitsje. Nederlân hat nammentlik yn 1996 it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen ratifisearre en dêrmei ferantwurdlikens op him nommen foar beskerming en befoardering fan it Frysk. De plannen foar de kommende perioade binne op 30 novimber 2018 yn Ljouwert ûndertekene troch koördinearjend minister fan Ynlânske Saken Ollongren en de kommissaris fan de Kening Brok. It ûnderwiis is ien fan de fêste punten yn de bestjoersôfspraak.

De BFTK ’19-’23 is yn it algemien hiel posityf oer de posysje fan it Frysk. Neffens de tekst is foar mear as 50% fan de befolking it Frysk de memmetaal en yn hast alle publike domeinen soe de taal in stevige posysje bemastere hawwe. No is in negative ynstek foar beliedsmakkers net handich, mar sokke útspraken dogge tinken oan ‘nep-news’, in reekgerdyn. It yn ôflevering 1 fan dizze rige oanhelle taalsosjologyske ûndersyk (survey 2017) jout krekt oan dat it persintaazje memmetaalsprekkers fan 70% yn 1969 yn 2017 oant ûnder de 50% sakke is! As soks him sa trochset, dan kin dat yn 2060 al op in 25% (!) útkomme.
Boppedat sizze de yn it survey oanhelle persintaazjes oer ferstean en praten noch net folle oer it fanselssprekkend en oeral brûke kinnen fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Dat hâldt neffens myn ûnderfining net oer en fan in fanselssprekkend rjocht is meastentiids gjin sprake.

No ha guon lju twivels by de ynset fan it ûnderwiis om it Frysk wer op ’e kluten te helpen. Dochs is goed ûnderwiis yn de taal ien fan de wichtichste betingsten. Mei rjocht wurdt yn de nije BFTK it bestriden fan it analfabetisme yn it Frysk in spearpunt neamd. Hoewol’t it mei op grûn fan it Rapport Taalplan Frysk 2018 foar de hân leit om it belied foar de memmetaalsprekkers te rjochtsjen op skriftlike feardichheden en dat foar oarstalige learlingen op ferstean en praten is sa’n skieding yn de praktyk tige keunstmjittich. Boppedat wurket de Beleidsregel 2015 dy skieding yn ’e hân. By it kieze kinnen fan ûntheffingsmooglikheden falle de profilen mei lêzen en skriuwen as earste ôf en nei sa’n beslissing krije de Frysktalige bern dan gjin lês- en skriuwûnderwiis. Der bestiet tsjinstridichheid tusken de noch jildende Beleidsregel 2015 (skriftlik ûnderwiis as earste falle litte) en de BFTK ’19-’23 (as spearpunt de skriftlike feardichheden Frysk).

Ienfâldiger en better passend yn it Taalplan Frysk – it provinsjale plan om de ûntheffingen foar it ûnderwiis yn it Frysk te regeljen – soe it belied him yn de BFTK-perioade 2019-2023 rjochtsje moatte op profyloanpassing. Skoallen soene holpen wurde kinne om harren programma-oanbod te ferbreedzjen yn de rjochting fan profyl A (gjin ûntheffing mear). Skoallen bygelyks mei profyl F (allinne hâlding neistribje) kinne yn in pear jier opskowe nei harkjen (ferstean) en fierder nei lêsfeardichheden, mar foar guon bern ek nei ûnderdielen mei aktive mûnlinge en skriftlike behearsking (profilen D en A) as dy soks oankinne.
Neffens it provinsjale Taalplan Frysk wurde de skoallen yn 2021/2022 wer besocht nei de o-mjitting yn 2017-2018. It moat de skoallen dúdlik wêze dat se yn 2021/2022 net mear folstean kinne mei it keazen profyl út 2017. Wat it fuortset ûnderwiis oanbelanget is it ek net logysk en winsklik om skoallen ûntheffing fan de skriftlike feardichheden te jaan.

Mar fan in aktyf belied is yn de BFTK ’19-’23 neat te fernimmen. Ryk en provinsje geane der fan út dat (pas) yn 2030 it tal memmetaalsprekkers dy’t it Frysk ek lêze en skriuwe kinne én it tal minsken mei it Frysk as twadde en tredde taal dy’tt it Frysk goed ferstean en prate kinne, mei 10% tanommen is (side 7). Dat persintaazje fan 10% wurdt net ûnderboud. Wêrom mar 10%? It giet der dochs om dat alle bern ‘groeie’ kinne yn harren behearsking fan it Frysk?
Neffens de nije BFTK soene de kommende trije sykly (fan 4 jier) fan it projekt Taalplan Frysk foldwaande wêze foar boarging en fergrutsjen fan de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis. (side 17). Mar 2030 is fier fuort en stel dat de skoallen yn de kommende jierren gjin stappen sette nei in eindoel fan gjin ûntheffing yn 2030. Boppedat jildt de BFTK ’19-’23 mar oant 2023. Wêr binne yn dy perioade de tuskendoelen en hoe sille de skoallen holpen wurde? Dochs wurdt fan de skoallen yn it Fryske taalgebiet ferwachte yn 2030 gjin ûntheffing mear nedich te hawwen (side 13).

Komt it sa klear?
Ryk en provinsje jouwe yn de nije BFTK-perioade oan it ûnderwiis yn it Frysk te stypjen mei: (1) de (besteande) basisynfrastruktuer yn stân te hâlden, (2) in ûndersyk nei de oan it foech Frysk te stellen betingsten en dat mei it ûnderwiisfjild te kommunisearjen, (3) neigean oft it foech ek opnommen wurde kin yn it learareregister, (4) it wer úteinsetten fan tafersjoch fan de ynspeksje neffens eigen rol, (5) ûndernimmen fan aktiviteiten foar bewustwurding fan âlden, learlingen, skoallen, bedriuwslibben en maatskiplike organisaasjes fan de wearde fan it Frysk en meartaligens en (6) it budzjet MYF (Materiële Ynstânhâlding Frysk) te keppeljen oan de útkomsten fan it Taalplan Frysk.

Sa’n brede bewustwurdingskampanje kin wolris goed útpakke as dêr flyt op dien wurdt. Sûnt de Frânske tiid hat fan de oerheid algeduerigen it boadskip klonken: Gjin Frysk op skoalle!
Slim beheinend foar goed ûnderwiis yn it Frysk is dat learkrêften yn Fryslân it Frysk net hoege te behearskjen, wylst dat foar it Hollânsk wol ferplichte is. Yn it Rapport Taalplan Frysk (2018) jouwe de ûndersikers oan dat de taaleftergrûn fan de learkrêften yn it primêr ûnderwiis in wichtige rol spilet yn it wol/net foldwaan kinnen oan de kearndoelen Frysk en it wol/net realisearjen fan in trochgeande learline yn it skoaloanbod (s. 230). Bern kinne gjin Frysk krije, omdat master of juf de taal net machtich is. Soks raast oan de protters fansels!
Mei it MYF-budzjet kin de provinsje in lyts bytsje stjoere, mar essinsjeel om de doelstellingen helje te kinnen is de hâlding en it tafersjoch fan de ynspeksje. No hat de ynspeksje op dat mêd gjin bêste namme en spitigernôch ha de ûndersikers fan Rapport Taalplan Frysk (2018) konstatearje kinnen dat guon skoallen oanjoegen it Frysk net (mear) as (folslein) fak te jaan fanwegen de ynspeksje en de driging mei it predikaat ‘swakke skoalle’. (side 55).

Hoe realistysk is no sa’n ferwachting fan Ryk en provinsje as wy witte dat sûnt 1980 (foar it fuortset ûnderwiis sûnt 1993) it mar net slagge is om foar it Frysk in lykweardich en lykberjochtige plak yn te skikken allinnich troch skoallen dêrta (mear) tiid te jaan? Tolve jier ekstra tiid sûnder in eksplisyt belied is dan ek te nuodlik en sûnder effektyf tafersjoch is it net realistysk te tinken dat skoallen nei trije sykly fan fjouwer jier yn 2030 gjin ûntheffing mear freegje sille. Sûnder dúdlike tuskendoelen en sûnder it neigean fan de jierlikse ‘opbringsten’ is de kâns te grut dat it der yn 2030 noch net goed mei it Frysk foarstiet. Fannijs binne dan wol wer hiele generaasjes jongelju fan it Frysk ferfrjemde.

De BFTK en de taak fan de ynspeksje
Sûnt 2010 wegere de ûnderwiisynspeksje it tafersjoch op de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk, omdat der neffens de tsjinst gjin goed hifkings- en evaluaasjesysteem beskikber wiene. No’t dat materiaal der ûnderwilens kommen is, sil de ynspeksje de tried wer oppakke en neffens de BFTK op in ‘stimulearjende wize omtinken jaan oan de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis’ en wol op twa manieren:
a. troch yn it ramt fan de reguliere fjouwerjierlikse ûndersiken omtinken te jaan oan hoe’t it skoalbestjoer tafersjoch hâldt op de kwaliteit fan it oanbod Frysk. Soe dat tekoartsjitte dan kin de ynspeksje in risiko-ûndersyk útfiere en sa nedich in ferbetteropdracht jaan,
b. troch oant 2030 twaris in tematysk ûndersyk te dwaan nei de ûntwikkeling fan it ûnderwiisoanbod yn it Frysk. Dêrmei soe neffens de BFTK de kwaliteit boarge en fergrutte wêze.

It falt lykwols net yn te sjen dat soks wat goeds opleverje sil. Sûnt 1980 wize de pear ynventarisearjende ynspeksjerapporten in tekoartsjittend ûnderwiis yn it Frysk oan. Beliedsmjittich is der eins neat mei de oanbefellingen dien. As iennichste is nei oanlieding fan it rapport út 2010 learlingfolch- en evaluaasjemateriaal ûntwikkele (GRIP 2017).
Yn it okkerdeis yn opdracht fan de provinsje ferskynde Rapport Taalplan Frysk 2018 stean gjin resultaten fan it ûnderwiis yn it Frysk, mar it is in hiel systematysk ferslach fan hoe’t skoallen it ûnderwiis yn it Frysk neffens eigen ynsjoch útfiere. De ûndersikers jouwe oan, dat soks langer net foldwaande is en dat der no ferlet is fan ûndersyk nei wat berikt wurdt lykas wetlik bedoeld: de resultaten. Dan pas giet it oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk.

Konklúzje
Yn de nije BFTK ’19-’23 stiet de frijbliuwendheid foar it ûnderwiis yn it Frysk sintraal. De ûnderwiisynspeksje – mooglik mei tsjinsin – sil wer aktyf wurde, al is it wer op de âlde foet mei spesifyk tematyske ûndersiken en omtinken foar it Frysk yn it regulier fjouwerjierrich ûndersyk. Net rjochte op wat mei it Frysk berikt wurdt, mar wer in ynventarisaasje fan de stân fan saken.

No is it ministearje fan Underwiis gjin foarstanner fan kwalitatyf ûnderwiis yn it Frysk sa’t yn ôflevering 2 wol dúdlik wurden is. Yn it rapport Hoekstra (2010) oer desintralisaasje fan foech oer it ûnderwiis yn it Frysk nei de provinsje die it amtlik lid fan OCW dan ek te witten, dat hy soks net winsklik achte, ûnder mear fanwegen de belangen fan ‘nasjonaal ûnderwiisbelied’ sa as it ‘Nederlânsk’. Dy ‘soarch’ is ek fêstlein yn de aktuele wetlike beheinende betingsten foar it Frysk.
It folgjend sitaat jout in twaslachtige hâlding foar it ferplichte Frysk yn it ûnderwiis oan: ‘Gjin Frysk ûnderwiis omdat it ferplichte is, mar omdat de tafoege wearde fan ûnderwiis yn de Fryske taal yn de praktyk ûnderfûn wurdt’ (BFTK, side 13). It Frysk mei jûn wurde as de skoallen dat wichtich fine, mar oan de oare kant wol de oerheid dy wetlike ferplichting – it algemien belang – net echt serieus nimme en dus wurde der ek gjin dúdlike maatregels útsteld. Gjin lykweardich Frysk ûnderwiis dus, wylst de skoallen yn Fryslân wol te krijen ha mei de ‘knoet’ fan it ferplichte Hollânsk. Dé reden dat it gros fan de skoallen dy ‘tafoege wearde’ echt net sjocht!
No is der neat tsjin goed ûnderwiis yn it Hollânsk, mar wêrom dan net deselde regeljouwing foar it Frysk? De provinsje is mei om it Frysk tsjin opskaling yn in noardlike regio, mar wêrom dan de taal yn it ûnderwiis fersleaukje litte? Moat in inkelde âlder, dy’t by in skoalle freget om ek goed ûnderwiis yn it Frysk foar syn bern, dan de kastanjes mar út it fjoer helje? Elkenien wit dat soks sa net wurket en er/se yn de measte gefallen oan in winige doar komt. Dêr leit de taak fan Ryk en provinsje as demokratyske hoeders fan it Frysk as ‘minderheidstaal’ yn eigen taalgebiet. Of is dat net demokratysk yn ús rjochtssteat ?

It probleem mei de nije BFTK is, dat ûnfoldwaande rekken holden wurdt mei de besteande histoarysk groeide situaasje fan efterstelling. Salang’t dy situaasje net erkend en problematisearre wurdt, sille it Ryk en ek de provinsje mei de rêch nei it Frysk stean bliuwe, nettsjinsteande alle jild en ‘freonlike’ aksjes foar it Frysk.

Tenei mear yn in lêste ôflevering It is mei sizzen net te dwaan (5) oer emansipearjend ûnderwiisbelied en effektiver ynspeksje-tafersjoch mei as doel ‘refitalisearring fan (meartalich) ûnderwiis ‘ (BFTK, side 14).

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.
maart 21, 2019 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.