It is mei sizzen net te dwaan (3)

maart 17, 2019 15:59

troch Tom Dykstra

Yn de earste ôflevering fan dizze rige gie it oer de tebekgong fan de taalmacht fan it Frysk en yn de twadde oer in foarsichtige desintralisaasje fan it foech oer it Frysk yn it ûnderwiis nei de provinsje Fryslân.Yn dit artikel stiet it belied fan de provinsje sels sintraal.

Nije taken
Op grûn fan de yn 2014 yngeande wetswiziging foar primêr en fuortset ûnderwiis kinne Deputearre Steaten (DS) skoallen tenei neist folsleine ek parsjele ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk jaan (1). In nije taak foar Provinsjale Steaten, beskreaun yn ôflevering 2, is it nei oerlis mei it ûnderwiisfjild fêststellen fan in oardering kearndoelen Frysk (2).
Wat de kearndoelen oanbelanget is lanlik yn 2017 besletten ta in mooglike oanpassing fan de jildende kearndoelen yn primêr en fuortset ûnderwiis. De provinsje hat dêrta yn dat jier in projektgroep fan saakkundigen en dosintetiims ynstallearre om mei in advys foar nije kearndoelen Frysk te kommen.
Al twa kear ha ik mei guon fan de projektgroep kontakt hân en it wurdt spannend hokker kant it útgean sil. Werom nei de eardere ‘spegeling’ fan de kearndoelen Frysk oan dy foar it Hollânsk, of noch fierder yn nivo ferlege mei ek it gefaar fan differinsearre kearndoelen foar ferskillende skoallen? De besteande kearndoelen Frysk kinne ek hanthavene wurde.

DS ha op grûn fan de nije ûnheffinsgmooglikheden yn 2015 in Beleidsregel fêststeld foar it jaan fan ûnderwiis yn it Frysk. Yn 2016 folge troch it Taalplan Frysk, in tydlike maatregel om foar alle skoallen (parsjele) ûntheffing te bepalen en de ambysje foar it ûnderwiis yn it Frysk nei te gean. Underwiiskundigen fan de NHL-hegeskoalle ha foar de útfiering soarge.

Yn dizze bydrage giet it oer de besteande kearndoelen Frysk, it stal krijen fan it nije ûntheffingsbelied en it yn 2018 útkommen Rapport Taalplan Frysk fan de hegeskoalle.

De kearndoelen Frysk
Sûnt 2006 jilde foar it primêr ûnderwiis de ûndersteande kearndoelen Frysk om op syn minst nei te stribjen. It binne ferplichtings foar it ‘wat’ (de learynhâlden) en net foar it ‘hoe’ (de oanpak fan it ûnderwiis yn it Frysk). Dat lêste bepale de learkrêften sels en as in skoalle mear dwaan wol as de wetlike kearndoelen dan is de skoalle dêr ek frij yn.

            Kearndoelen primêr ûnderwiis

  1. In positive hâlding ûntwikkelje foar it (troch harrensels en oaren) brûken fan it Frysk (attitude).
  2. Teksten oer bekende ûnderwerpen neikomme kinne (ferstean)
  3. It Frysk brûke kinne yn deistige petearsituaasjes (prate)
  4. Ienfâldige Fryske teksten lêze en begripe kinne (lêze).
  5. Leare ienfâldige teksten oer deistige saken yn it Frysk te skriuwen (skriuwe).
  6. In gruttere wurdskat krije fan faak brûkte wurden en leare om ûnbekende wurden te begripen (taalskôgjen).

Kearndoelen fuortset ûnderwiis

De kearndoelen Frysk binne opdield yn trije groepen:

  1. in trijetal foar de Fryske taal en kultuer en ornearre foar alle learlingen;
  2. in trijetal foar wurdskat, lêsfeardigens en ynformele petearsituaasjes foar learlingen mei Frysk as twadde taal en
  3. in trijetal foar skriuwen en lêzen fan ûnderwerpen út de belibbingswrâld fan de learlingen en ek foar mear formele taalsituaasjes bedoeld foar learlingen mei it Frysk as memmetaal.

Benammen de kearndoelen foar it primêr ûnderwiis hawwe oanlieding west ta diskusje oer de needsaak en de praktyske helberens fan dy doelen foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dat late yn it ramt fan desintralisaasje fan rykstaken ta de ynstallaasje fan de kommisje Hoekstra. Yn syn advys kriget de provinsje de (nije) taak om belied te ûntwikkeljen foar it jaan fan in ‘ûntheffing’ foar in part fan dy doelen (‘parsjele’ ûntheffing) as skoalbestjoeren dêr om freegje.

Tarieding fan de Beleidsregel
Yn de boppeneamde Beleidsregel (nr. 3671, 26 juny 2015), paragraaf 2) beskriuwe DS hoe’t de nije regeling ta stân kommen is. Der is gebrûk makke fan it lêste ynspeksjerapport (2010), der is advys ynwûn by de Coördinatie en Advies Groep Primair Onderwijs (CAG-PO 2013) en neffens wetlik foarskrift is in konsept besprutsen mei fertsjintwurdigers út it ûnderwiisfjild. Boppedat is ek oerlein mei it ministearje fan OC&W en de ûnderwiisynspeksje yn Fryslân.

De CAG-PO 2013 advisearre om skoallen mar by útsûndering parsjele ûntheffing te jaan fanwegen it grutte ûnderwiiskundich en maatskiplik belang fan ûnderwiis yn it Frysk. Fan sokke skoallen kin in eigen rûte nei meartalich ûnderwiis frege wurde. DS nimme dat advys yn de Beleidsregel lykwols mar foar in part oer: net by útsûndering mar yn prinsipe komme alle skoallen foar parsjele ûntheffing yn oanmerking, mei dêrnei de taak in eigen rûte nei meartalich ûnderwiis te ûntwikkeljen.
It sil jin dan ek net fernuverje dat de fertsjintwurdigers fan de skoallen tefreden wiene mei de fiergeande ûntheffingsmooglikheden yn it foarleine beliedskonsept.

De ûntwikkele profilen Frysk
           
Foar primêr ûnderwiis
Yn de Beleidsregel 2015 binne profilen ûntwikkele mei in ôfnimmend tal kearndoelen, te beginnen by A (gjin ûntheffing, dus alle kearndoelen neistribje), B (gjin skriuwen mar de oare wol), C (ek gjin lêzen), D (ek gjin taalskôgjen, d.w.s. taalkennis), E (ek gjin Frysk hoege te praten, F (ek net nei it Frysk hoege te gjin harkjen; allinnich in positive taalhâlding bliuwt oer). As lêste profyl G foar folsleine ûntheffing (de skoalle hoecht neat oan it Frysk te dwaan).
Op it earste each liket it in kreaze, hast systematyske rige profilen mei in ôfnimmende swierrichheidsgraad, mar dat is it nét. Foar (âldere) net-Frysktalige bern is it frij passive lêzen learen yn it Frysk makliker as it aktivere sels praten (learen) fan it Frysk.
Profyl F is in rare misset. In hâlding oanbringe kin op himsels (dus isolearre fan de oare taalaspekten) gjin iennichst en konkreet doel wêze en falt ek net te kontrolearjen.

            Foar fuortset ûnderwiis
Lyk as yn it primêr ûnderwiis ûntsteane profilen troch suksessyflik skrassen fan kearndoelen út de groepen c (memmetaal) en b (Frysk as twadde taal). Sa ûntstiet in rige profilen A (gjin ûntheffing), nei profyl D (folsleine ûntheffing).

De profilen binne bedoeld om as skoalle rekken hâlde te kinnen mei de feardichheidsferskillen tusken learlingen. Underwiiskundich binne profilen dêrta net needsaaklik, omdat soks op groepsnivo ek op te lossen is. Foar gjin inkeld (oar) fak yn it basis- en it fuortset ûnderwiis wurde profilen of differinsearre kearndoelen fêststeld. Foar in fak as Nederlandse taal is it sels wetlik fêstlein dat yn gefal fan taalefterstân de skoalle ekstra syn bêst dwaan moat om dat te ferhelpen. It oanbieden fan in karmenu om sa wichtige feardichheden út it programma te hâlden moat as in foarm fan diskriminaasje beskôge wurde.

Skoallen kieze litte út profilen mei ien of mear kearndoelen wurdt differinsjaasje op skoalnivo neamd. Foar alle bern fan de skoalle wurdt yn dat gefal itselde nivo oanholden. Normaal by ferplichte ûnderdielen (de kearndoelen dus) is lykwols om te differinsearjen op groepsnivo. Dat wol sizze dat de learlingen (yndividueel of yn groepkes) de kâns krije om dat te learen wat se oankinne en nedich ha. Foar it Frysk hoecht dat net oars te wêzen. Kearndoelen binne ommers gjin prestaasje-easken, dêr’t alle bern op itselde nivo oan foldwaan moatte. Foar de skoalle binne it ferplichte programma-easken om op in pedagogyks-didaktyske ferantwurde manier de bern de kâns te jaan harren taalfeardichheden yn it Frysk te fergrutsjen.

De beoardielingskritearia yn de Beleidsregel
DS hantearje twa kritearia by de oanfraach fan de skoalle om ûntheffing:

  1. 1. It trochsneed behearskingsnivo fan it Frysk yn de (skoal)mienskip. Skoallen kinne dêr de resinte Taalatlas foar brûke, dy’t foar harren gemeente de persintaazjes taalgebrûk Frysk oanjout. Net de learlingen en harren mooglikheden steane sintraal, mar de ‘taalsituaasje’ fan it Frysk; in abnormale situaasje fan efterstelling.
  2. Wat de skoalle no al oan it Frysk docht. De skoalle jout de brûkte lesmetoaden en oare aktiviteiten foar it Frysk oan.

Op it earste gesicht liket dat net sa min, sa soe men sizze kinne. Men kin ommers net daliks ‘fan de flier op ’e souder stappe’. Mar benammen it earste kritearium stiet in lykweardige en lykberjochtige oanpak fan it ûnderwiis yn it Frysk slim yn it paad. In trochsneed (‘gemiddeld’) posysje fan it Frysk op gemeentlik nivo wurdt as noarm brûkt om it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk foar alle bern op de skoalle nei in gauris redusearre (ienheids)nivo te bringen en op dy wize ek te legitimearjen. It is in bedriging fan de emansipaasje fan it Frysk as folweardige (gebrûks)taal en ûntkent dat alle bern op harren eigen nivo Frysk leare kinne.
En dat yn in tiid fan ‘passend onderwijs’, it belang fan ‘moedertaalonderwijs’ en ‘meertalig onderwijs’ as it ûnderwiis ‘fan de takomst’!

It Rapport Taalplan Frysk
It yn 2018 útbrochte Rapport Taalplan Frysk ‘It is mei sizzen net te dwaan’ fan Varkevisser en Walsweer is in ynventarisaasje fan de stân fan saken oangeande it (fak) Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Yn opdracht fan de provinsje ha de ûndersikers oan ’e hân fan boppeneamde beoardielingskritearia in profyl foar al dy skoallen fêstlein.

Tabel fan takende profilen oan skoallen yn it primêr ûnderwiis (basis- en spesjaal basisûnderwiis)

Utsein fan in goed oersjoch fan de takende profilen jout it Rapport ek in yngeande analyze fan de faktoaren, dy’t ál of nét fan ynfloed binne op it plak fan it Frysk op de skoallen. Dat de ambysje fan guon direksjes somtiden in (te) grutte rol spile hat bewiist de opmerking fan de ûndersikers, dat guon skoallen sûnder mis ek sosjaal winsklike antwurden jûn hawwe en dêrtroch in heger of leger taalprofyl takend krigen hawwe.

Tabel fan takende profilen oan de ûnderboulokaasjes op de skoallen foar fuortset ûnderwiis

Konklúzje
Hoewol’t it provinsjaal bestjoer yn 1985 Fan Geunst nei Rjocht oannommen hat – it Einrapport fan de wurkgroep Frysk yn it offisjele ferkear – en him útsprutsen hat foar taalbelied dat stuolket op de fûnemintele begjinsels fan lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Hollânsk is de Beleidsregel 2015 dêr yn striid mei. Sûnder ûnderwiiskundige needsaak wurdt it ûnderwiis yn it Frysk wer as in geunst behannele: de wetlike ferplichting wurdt fierhinne útholle en ôfhinklik makke fan de ambysje fan de skoalle mei in berop op de Taalatlas. Wat dat oanbelanget buorkje wy wer jierren efterút ferlike mei eardere beliedsplannen foar stimulearring fan it Frysk.
Stelde it Berie foar it Frysk yn 1999 noch dat parsjele ûntheffing – foar skriuwen en taalskôging – allinnich yn útsûnderlike gefallen nedich wie (bygelyks foar bern fan allochtoane ôfkomst), yn 2018 jouwe skoallen massaal oan fan de onbeane ûntheffingsmooglikheden yn de provinsjale Beleidsregel 2015 gebrûk te meitsjen. Net allinnich foar de net-Frysktalige, mar ek foar de Frysktalige learlingen. Parsjele ûntheffing wie bedoeld as útsûndering om guon bern net te swier te belêsten, mar de provinsje biedt it as regel oan om skoallen yn de gelegenheid te stellen de ferplichting foar alle bern nei eigen ’smaak’ út te fieren.

Tenei mear yn It is mei sizzen net te dwaan (4) oer it ûnderwiisbelied yn de nije Bestjoersôfspraak fan Ryk en provinsje en de taak fan de ynspeksje.


Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

 

maart 17, 2019 15:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.