It is mei sizzen net te dwaan (2)

maart 12, 2019 16:39

troch Tom Dykstra

Myn earste ôflevering gie oer de tebekgong fan de taalmacht fan it Frysk en de opfetting fan guon lju dat soks in natuerlik proses is, dêr’t men winliken neat tsjin dwaan kin. Myn stelling is dat krekt it oerheidsbelied net tarikkend is om de efterstelling te trochbrekken.
It ûnderwiisbelied foar it Frysk is dêr in goed foarbyld fan. Sûnt 1980 hawwe de basisskoallen al de tiid krige om it Frysk yn it programma te yntegrearjen, mar op de measte skoallen is dat noch net slagge. Leit soks no oan te min ambysje fan (de measte) skoalbestjoerders en ‑managers, of is it Frysk te dreech foar de bern? Lit de provinsje Fryslân it dan sitte, wylst dy in tal jierren lyn mear foech oer it ûnderwiis yn it Frysk krige hat? Yn it neikommende eat oer de feroare wetlike posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis, dat syn beslach krige hat yn 2014.

De kearndoelen Frysk as stroffelstien
As yn de tachtiger jierren it Frysk in ferplichte fak yn it basisûnderwiis wurdt en ek as fiertaal yn alle klassen tastien is, betsjut dat in geweldige stap foarút foar it Frysk. Grut feest yn de Ljouwerter Harmonie mei as tema: It mei no yn dyn eigen taal!. Tenei soe it Frysk in gewoan fak wêze, lykas alle oare fakken en de ferwachting wie dat nei in pear jier de skoallen wol op de nije situaasje ynspile wêze soene. In dúdlik ynfieringsplan (ymplemintaasje-stratezjy) wurdt net nedich achte.
Yn 1993 is it Frysk as ferplichte fak yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis ynfierd tagelyk mei de basisfoarming. Yn de hegere learjierren kín it fak ek in plak yn it programma krije en is it Frysk tastien as ynstruksjetaal by de lessen. As eksamenfak is it Frysk net ferplichte, mar kin oanbean en keazen wurde. Fakultatyf dus en dêrtroch ôfhinklik fan de hâlding fan de direksje. Fan in stevige trochgeande learline is yn it fuortset ûnderwiis gjin sprake. Yn 2018 ha sa’n 150 learlingen meidien oan it eineksamen Frysk, wylst foar it Hollânsk en it Ingelsk in eineksamen wól ferplichte is.
Yn 1993 binne foar it basisûnderwiis en yn 2006 foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis ferplichte kearndoelen Frysk ynfierd. De bedoeling fan kearndoelen is te soargjen foar in mienskiplik minimum-oanbod foar it fak. Yn it basisûnderwiis ûntstiet lykwols diskusje oer de ynterpretaasje fan de kearndoelen Frysk en is it ûndúdlik hoe dêrmei om te gean mei it each op de ferskillen tusken de learlingen. Is de skoalle ferplichte om dy doelen op syn minst yn syn programma op te nimmen of moatte alle bern dy doelen ek helje yn groep 8? Bedoeling is it earste, omdat dan sawol de Frysktalige as de net-Frysktalige bern de kans krije om ‘safier mooglik’ te kommen. Der moat rekken holden wurde mei harren mooglikheden. Foar gjin inkeld fak binne de kearndoelen prestaasje-easken yn dy sin dat alle bern dy op it heechste nivo helje moatte as se dêr net ta by steat binne.

Al rillegau wurdt dúdlik dat it foar de skoalle oanbodsferplichtingen binne, mar dan is it kwea al oanrjochte en wurdt der – benammen yn de gruttere plakken – fan útgien dat de measte kearndoelen foar de learlingen net te heljen binne en dat de skoalle him dêr dan ek net drok om hoecht te meitsjen. As om 2003 hinne lanlik de kearndoelen foar it basisûnderwiis op ’en nij tsjin it ljocht holden wurde, wurde dy foar it Frysk ûnder druk fan basisskoallen yn de gruttere plakken yn nivo ferlege. De eardere ynhâldlike spegeling (deselde omskriuwing) oan dy foar it Hollânsk wurdt loslitten mei goedfinen fan Provinsjale Steaten en dêrmei de lykweardigens en lykberjochtiging fan beide talen. De ferantwurdlike deputearre is fan betinken, dat minder hege easken foar it Frysk de skoallen motivearje sille om better (!) Frysk ûnderwiis te jaan. Neffens de lettere ûndersiken is dy ferwachting net útkommen. Boppedat wie dy yngreep ek net stimulearjend foar in ‘fanselssprekkend plak fan it Frysk’, dêr’t de provinsje beliedsmjittich út dy tiid op ta woe.

Desintralisaasje fan it foech foar it Frysk
Yn 2009 wurdt de saneamde kommisje Hoekstra ynstallearre. Dy moat neigean oft, en sa ja, yn hoefier’t de taak foar en it foech oer it Frysk fan it Ryk nei de Provinsje oerhevele wurde kin. Dat stribjen is doe yn bewegingsrûnten ynearsten posityf ûntfongen. My heucht noch goed in earste gearkomste mei fertsjintwurdigers út de ûnderwiiswrâld yn it stedhûs fan Dokkum. Yn dat plak omdat boargemaster Waanders fan Dongeradiel it iennichste (!) kommisjelid út Fryslân wie.

Yn 2010 advisearret de kommisje – op de tsjinstim fan de fertsjintwurdiger fan it ministearje fan ûnderwiis nei – it neikommende foar it ûnderwiis yn it Frysk:
1. de oerdracht fan it foech giet fan it Ryk nei de Provinsje mei as betingsten: (1) draachflak foar it Frysk yn it ûnderwiis, (2) in balâns yn it ûnderwiisoanbod en (3) it ûntwerp foar advys foarlizze oan de minister fan ûnderwiis;
2. neist folsleine no ek parsjele ûntheffing mooglik meitsje foar ûnderdielen fan mûnling of skriftlik ûnderwiis yn it Frysk.

Op it earste gesicht like dat net sa min. Foar skoallen mei in positive ambysje foar it Frysk sille de neamde betingsten gjin probleem wêze. Mar misbrûk leit op ’e loer as om hokker reden dan ek negative opfettingen en ideologyen in rol begjinne te spyljen. Boppedat wurdt sa’n konstruksje foar gjin inkeld oar fak tapast. It eardere Consultatief Orgaan (CO) – de advisearjende foargonger fan it hjoeddeiske Dingtiid – is mei rjocht prinsipieel tsjin de boppeneamde draachflakbetingst, omdat sa’n eask yn striid is mei de skieding fan de machten. Yn dit gefal fan de ferantwurdlikheid as wetjouwer en fan de útfierende organisaasje (de skoalle). Underwiis yn it Frysk is neffens it CO in rjocht fan de Fryske mienskip en mei net ôfhinklik wêze fan de ynstimming fan in ûnderdiel yn dit gefal dus de skoallen. Se moatte sa goed mooglik holpen wurde by de útfiering.

It kabinet naam it advys fan de kommisje Hoekstra lykwols oer en skerpe de beheinende betingsten oan ûnder ynfloed fan it ûnderwiisministearje en de lûden út de PO-raad (de belangeferiening fan skoalbestjoeren foar it primêr ûnderwiis). De skoalmanagers wiene nammentlik fan betinken dat it yn it ûnderwiis om ‘kwaliteit’ gean moast ynstee fan om mear ûnderwiis yn it Frysk. Hja wiene benaud foar in (te) Frysksinnich provinsjebestjoer en soene graach allinnich mei Haachske regeljouwing te krijen hawwe.
De útkomsten fan in yn 2008 útbrocht ûndersyk nei de resultaten fan it projekt ‘Trijetalige skoalle yn Fryslân (Van Ruijven &Ytsma), dat de learlingen op de trijetalige skoallen better prestearje by Nederlandse taal, Ingelsk en Frysk, skine gjin rol spile te hawwen. De wenstige neo-liberale mjit- en ôfrekkenpraktyk op grûn fan de toetsskoares foar taal (Nederlânske taal) en rekkenjen hat dêr faaks in grutte rol yn spile.

Wetlike oanpassingen foar it Frysk (2014)
Wat as in ferbettering foar it ûnderwiis yn it Frysk bedoeld wie, bliek yn de praktyk in rare tebeksetter. De troch de kommisje Hoekstra betochte útstellen, oanfolle mei in stikmannich ekstra ‘befeiligjende maatregels’, wurde yn de Twadde Keamer oannommen. De oannommen en noch altiten jildende regeling foar basis- en fuortset ûnderwiis komt der sa út te sjen:
(1) oangeande ûntheffing: Deputearre Steaten kinne skoallen neist folsleine tenei ek parsjele ûntheffing jaan op grûn fan in yn oerlis mei it ûnderwiisfjild fêst te stellen Beleidsregel;
(2) in oardering kearndoelen: Provinsjale Steaten krije as taak in oardering kearndoelen Frysk fêst te stellen nei oerlis mei it ûnderwiisfjild. Dy oardering hat de goedkarring fan it ministearje fan O&W nedich en by ferskil fan miening wurdt de lanlike Underwiisried om advys frege. Foar dy goedkarring moatte Deputearre Steaten oantoane dat der genôch draachflak yn it ûnderwiisfjild foar bestiet en dat de kearndoelen Frysk net mear ynspanningen fan skoallen freegje as rjochtfeardige is.
As de kearndoelen gjin omtinken jouwe oan it passyf en aktyf mûnling en skriftlik behearskjen fan it Frysk en it ûntwikkeljen fan in positive hâlding foar it Frysk oer, hoecht fan de minister gjin goedkarring ferwachte te wurden.

In ‘Fryske’ maitiid?
It is sa klear as in klûntsje dat de nije regeljouwing fan 2014 foar it Frysk yn it ûnderwiis – presintearre as in ferbettering – yn de realiteit in stap efterút betsjut troch de stelde betingsten. De Ryksoerheid fertrout de Provinsje dy nije taak eins net goed ta en wol de einferantwurdlikheid hâlde. Dat ropt de fraach op oft it provinsjebestjoer tefreden west hat mei de nije regeljouwing. It troch de Provinsje hantearre biedwurd fan ‘kearndoelen op maat’ kin maklik yn striid komme mei wat kearndoelen wêzentlik binne, nammentlik in ferplichte minimum-oanbod. De provinsjale útspraak dat de easken no minder twingend wêze sille, wiist yn in folslein ferkearde rjochting. De ferplichting is gjin twang, mar in demokratysk fêststeld ‘algemien belang’ en in útspraak as minder twingend docht de Fryske mienskip gjin rjocht.
Yn syn kommintaar op it konsept-wetsútstel hie de Ried fan Steat (RfS) al opmurken dat net de ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk sintraal stie, mar dat de klam lei op it desintralisaasjeproses sels. Krityk is der ek op de draachflakkonstruksje. Sa mient de ûnderwiisynspeksje yn 2010 bygelyks dat der te min draachflak by skoalbestjoeren bestiet, mar de RfS wiist derop dat de ynspeksje allinnich direkteuren befrege hat en gjin ûndersyk útfierd hat ûnder de befolking of by it provinsjebestjoer. It ynspeksjerapport fan 2006 jout noch oan dat skoaldireksjes it belang fan de âlden by it Frysk ûnderskatte: de direkteuren tochten dat mar 34% fan de âlden belang by ûnderwiis yn it Frysk hawwe, wylst de ynspeksje op sa’n 70 % kaam.

Konklúzje
Myn konklúzje is dat it Ryk winliken gjin foarstanner is fan desintralisaasje fan foech foar it Frysk yn it ûnderwiis nei de Provinsje. Om de skyn fan wól op te hâlden past it Ryk in ‘verdeel-en-heers-tactiek’ ta: de Provinsje kriget allinnich de regy oer it fêststellen fan de kearndoelen Frysk en it útwreide ûntheffingsbelied, en de skoalbestjoeren krije yn it wetlik ferplichte oerlis de kâns om foar it (fak) Frysk sels te beslissen yn hoefier oft hja dat ûnderwiis op harren skoalle tasteane. Sûnder mis in ‘masterlike’ slûchslimme set om de hannen yn ûnskuld waskje te kinnen as it mei it ûnderwiis yn it Frysk (wer) net goed komt. Slûchslim, want wa is no tsjin draachflak? It kabinet wist lykwols mar al te goed dat de PO-raad tsjin desintralisaasje wie.

Tenei mear yn It is mei sizzen net te dwaan (3) oer hoe’t de Provinsje omgien is mei it útwreide ûntheffingsbelied en wat dat opsmiten hat.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

 

maart 12, 2019 16:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.