It is mei sizzen net te dwaan (1)

maart 4, 2019 15:22

troch Tom Dykstra

Undersyk by de rûs
Opfallend hoefolle ûndersyksrapporten der de lêste tiid oer it Frysk ferskine. Fan mids 2017 oant novimber 2018 binne dat al trije en allegear net al te posityf. It earste giet oer de posysje fan de taal yn eigen taalgebiet, dêrnei in rapport oer mooglike gefolgen foar it Frysk by weryndielingen en as lêste it wiidweidige It is mei sizzen net te dwaan. Rapport Taalplan Frysk, in ynventarisaasje fan it (fak) Frysk yn primêr en fuortset ûnderwiis, presintearre op 20 septimber 2018.
Wat it ûnderwiis oanbelanget soe it no foar de hân lizze om alle enerzjy te stekken yn it ûntwikkeljen fan belied om de konstatearre efterstân yn te heljen. Neat is lykwols minder wier. De provinsje komt net fierder as de skoallen oant 2030 (mear) tiid te jaan, wylst de basisskoallen dêr al 37 jier de tiid foar hân ha. Ryksynspekteur Deelstra beheint har by it oanbieden fan it Rapport Taalplan Frysk ta it útfiere sillen takom jier fan in nij en hast identyk tema-ûndersyk oer de posysje fan it Frysk lykas it Rapport Taalplan Frysk.
Folle nije ynformaasje sil dat net opsmite, mar it jout oan dat de ynspeksje syn tafersjochtaak wer opkrije sil. Dochs bekrûpt jin it gefoel sterk dat it as aliby brûkt wurdt om mar gjin emansipearjend belied fiere te hoegen. Dy oanpak past dan skoan yn de lange tradysje fan it útstellen en fertraagjen fan goed Frysk ûnderwiisbelied, wylst elts hjoed-de-dei begripe kin dat de posysje fan it Frysk dat net ferneare kin.
Oer dy behyplike taal- en ûnderwiissituaasje yn ús provinsje earst it neikommende.

Aktuele taalsituaasje
Yn juny 2017 komt de Fryske Akademy mei it taalsosjologyske survey Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje. Dat ûndersyk hie twa foargongers (1984 en 1995) mei dêrfoar yn 1969 it ûndersyk fan L. Pietersen. Der is sûnt 1967 sprake fan in stadige delgong fan behearsking en brûken fan it Frysk.

Hoewol’t de status (it oansjen) fan it Frysk grutter liket te wurden, nimt it persintaazje lju mei it Frysk as earste taal stadich ôf en is no ûnder de 50% kommen. Yn in heale iuw is it tal Fryskpraters-fan-hûs-út mei goed 20 % ôfnommen. As dat sa trochgiet, dan kin men op de fingerseinen wol neitelle dat by wer sa’n hifking in heale iuw letter wy op in punt oankommen binne, dêr’t de bekende Amerikaanske taalsosjolooch A.J. Fishman fan sei dat der dan gjin wei werom mear is. Mar wa makket him dêr no drok oer mei sa’n ‘moai’ persintaazje fan hast 50%? It moat jin fernuverje dat de Friesland Post by sa’n persintaazje (49%) noch yn it novimbernûmer fan 2018 konkludearret: “De Friese taal blijft het goed doen”.
Nederlân soe lykwols te lyts wêze as sa’n persintaazje by it Hollânsk sein wurde soe. Sa hie in tal jierren lyn kommissaris fan de Keningin Ed Nijpels der wol ‘in fiadukt’ (it bedrach) foar oer om te soargjen dat skoallen mei taalefterstân yn it Hollânsk gau wer goed prestearje soene. In efterstân dy’t net te ferlykjen is mei it folle slimmere analfabetisme yn it Frysk. De oanbelangjende skoallen krigen lykwols gau-eftich jild út it projekt Boppeslach en de ynspeksje siet der boppe-op.
Undersikers as Klinkenberg c.s. konkludearje yn it taalsurvey 2017 dat dat sawol Frysktaligen as net-Frysktaligen it Frysk wól in echte taal fine, dy’t ek yn alle iepenbiere domeinen brûkt wurde mei, mar dat fatsoen de noarm wurdt yn de omgong. It is it dilemma fan it brûke wollen fan de eigen taal, mar it jin dochs ferbrekken om net it ferwyt te krijen dêrmei oarstaligen út te sluten. Mei troch sûnder euvelmoed Frysk te praten kinne jo je it ferwyt fan ‘ûnbeskaafd’ of ‘net tolerant hâlden en dragen’ op ’e hals helje. Blykber is it Frysk gauris net akseptabel yn de kommunikaasje en jildt meartaligens allinnich foar de Friezen. Fan lykweardigens en lykberjochtiging is dan gjin sprake mear en de wei leit dan iepen foar ientalich Hollânsk mei hieltyd mear romte foar it Ingelsk.
Dêr wreekt him dat yn it Fryske ûnderwiis – op in tal goede skoallen nei – de ferplichting (primêr ûnderwiis yn 1980 en fuortset ûnderwiis yn 1993) om Frysk te jaan net echt serieus nommen is en dat it Ryk (ynspeksje) dat likemin dien hat. Sa jouwe guon skoallen yn it Rapport Taalplan Frysk 2018 sels oan dat de ynspeksje advisearre om net of minder oan it Frysk te dwaan om foar te kommen in ‘swakke’ skoalle te wurden. De frijkommen tiid koe better bestege wurde oan Nederlânske taal en rekkenjen; fakken dy’t wol (!) binnen de ynspeksjekaders falle (side 55).

De aktuele ûnderwiissituaasje
De ûnderwiisynspeksje rapportearret sûnt de ferplichting om de safolle tiid yn in tal ynventarisearjende temaûndersiken oer de posysje fan it ûnderwiis yn it Frysk yn basis- en fuortset ûnderwiis. Mei help fan fragelisten, petearen en it bywenjen fan lessen wurdt oan de hân fan in tal kritearia in algemien byld sketst fan it plak fan de taal yn it Fryske ûnderwiis.
Alle rapporten binne – mei gelokkich ek noch positive útsûnderingen – net te sprekken oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk op ’e skoallen. Foar de oanbelangjende skoallen hie dat lykwols alhiel gjin konsekwinsjes, want de oanbefellingen wiene rjochte oan de polityk en de ferantwurdlike bestjoeren en skoallieders. De provinsje Fryslân waard dêrby gauris in regyfunksje tatocht, mar dy hie yn de tiid foarôfgeand oan 2014 eins allinne de taak om skoallen op oanfraach ûntheffing te jaan.
In protte aktuele ynformaasje jout it yn opdracht fan de provinsje Fryslân publisearre Rapport Taalplan Frysk yn 2018. De ûndersikers fan NHL Stenden Hegeskoalle komme ta deselde konklúzje as dy yn eardere ynspeksjeferslaggen: in 70% fan de skoallen hat de kearndoelen nét of mar foar in part yn harren programma yntegrearre. Der is noch in protte mis en mei de titel It is mei sizzen net te dwaan jout it rapport noch altiten in (te) frijbliuwend omgean mei it Frysk oan (side 236).

It probleem nei de formele ûnderwiiskundige bepaling fan de begjinsituaasje (0-mjitting) neffens it Taalplan Frysk is, dat direksje en ûnderwiiskrêften dy stân fan saken oangeande it Frysk ek fierhinne as einsituaasje sjogge. As skoallen sûnder in dúdlike ymplemintaasje-opdracht oant 2030 noch de tiid jûn wurdt om alle ferplichte kearndoelen yn it skoalprogramma oan te bieden, kin dat harren derta ferliede om soks foarearst noch mar net te besykjen. Dêrtroch wurdt it ekstra dreech om it Frysk as in ‘gewoan’ fak te sjen en sa ek te behanneljen. ‘Normaal’ is dat allinnich de oerheid it wetlik plak fan in fak bepaalt (algemien belang) en dat de skoalle him rêdt mei in serieuze en ferantwurde pedagogysk-didaktyske útfiering.

Is de tebekgong fan it Frysk in ‘natuerlik’ proses?
Minsken dy’t net folle op ha mei positive aksje foar it Frysk, sjogge dy delgong as in net te kearen natuerlik proses. Dy lizze gauris de skuld by de Friezen, want dy soene harren taal ommers sels ek fleane litte. Der wurdt dan wiisd op dat wy langer yn in wrâld libje fan tanimmende migraasje en globalisaasje; dat proses soe in soarte fan in natuerwet wêze mei net te kearen effekten. It boppeneamd taalsosjologyske ûndersyk (survey 2017) jout ek oanlieding om sa te tinken. De ûndersikers konstatearje dat Frysktaligen harren langer wat mear as Nederlanner sjogge, minder Frysksinnich fiele en meartalich binne.

Sa op it earste gesicht lykje sokke ‘profeten’ gelyk te hawwen. It konstatearre ferlies oan taalmacht liket ûnder ynfloed fan feroarjende maatskiplike omstannichheden hast fansels te gean, sa’t wetter by froast befriest. Mar dy tebekgong hat politike oarsaken. De steatspolityk fan de ôfrûne twahûndert jier om de bern it ABN sa goed mooglik by te bringen en tagelyk it brûken fan it Frysk op de measte taaldomeinen tsjin te gean is noch altyd aktueel. Yn stee fan in natuerlik proses hawwe wy te krijen mei in belied fan maatskiplike efterstelling fan it Frysk op grûn fan de sintralistyske, steatsnasjonalistyske ideology fan ‘ien lân, ien folk, ien taal (Nederlands)’. Dan helpt it net folle dat it Frysk ûnderwilens erkenning krige hat as twadde rykstaal. Regeljouwing foar it Frysk moat by de Hollânske helsdoarren wei skuord wurde en wat der fêstlein is, wurdt net of amper útfierd. Dat belied stiet heaks op it tinken oer iepen mienskip, demokratysk rjocht op eigen taal en de rykdom fan kultureel ferskaat.
Yn it neamde survey-ûndersyk jouwe Frysktalige respondinten ek oan dat hja graach mear Fryske les yn harren skoaljierren hawwe wollen hiene en – as hja al Frysk krigen – dat it te min wie. Dat is harren bewust en stelselmjittich ûntkeard.

In fisieuze sirkel
It is dus te maklik en ideologysk fertocht om de kwetsbere posysje fan it Frysk de Frysktaligen as eigen skuld yn ’e skuon te skowen. De ynkommen oarstaligen en ús oerheden kinne harren de hannen likemin yn ûnskuld waskje as it giet om ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis yn it Frysk, it frij brûken fan de taal en it Frysk as funksje-eask. Oarsaak en gefolch wurde yn sok ‘naturalistysk’ tinken omwiksele troch de taal- en kultuerpolitike regeljouwing as ferklearringsfaktoaren bûten heakjes te hâlden.
As Frysktaligen harren noch altiten net skriftlik yn it Frysk úterje kinne, dan is dat in gefolch fan de ferfrjemdzjende en ûnderdrukkende ûnderwiissituaasje. Op in lyts tal skoallen nei ha bern de kâns net krigen om harren taal lêzen en skriuwen te learen. Oplein en iensidich Hollânsktalich ûnderwiis yn it Fryske taalgebiet is neat natuerliks oan en is mei oarsaak fan ûntbrekkende feardichheden yn de (eigen) taal en gjin gefolch fan in ymmanint wetmjittich proses.
It hat mear wat fan in fisieuze sirkel: skoallen negearje it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk, omdat de taal yn it (offisjele) maatskiplik ferkear net folle brûkt wurdt en fereaske is, wylst tagelyk ôfsjoen wurdt fan it brûken fan it Frysk yn mûnlinge en skriftlike kommunikaasje, omdat de brûkers de nedige feardichheden yn it Frysk op skoalle net leard ha. Reden wêrom’t bygelyks de beide provinsjale deiblêden it Frysk net as earste taal brûke. It trochbrekken fan dy fisieuze sirkel troch ferplichte ûnderwiis yn it Frysk is in emansipaasje-maatregel foar de takomst fan de Fryske mienskip.

Tenei mear yn It is mei sizzen net te dwaan (2) oer de desintralisaasje fan it foech Frysk nei de provinsje Fryslân yn de nije regeljouwing fan 2014.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis
maart 4, 2019 15:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.