It is mei sizzen net te dwaan (0)

maart 3, 2019 19:33

troch Tom Dykstra

Ynlieding

No’t de Steateferkiezingen 2019 kommendewei binne, sil ûnder boppesteand kopke in fiiftal artikels oer it ûnderwiisbelied en it Frysk yn It Nijs publisearre wurde. De titel is ûntliend oan it Rapport Taalplan Frysk 2018, in ynventarisaasje nei de stân fan saken oangeande it (fak) Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis, yn opdracht fan de provinsje Fryslân en útfierd troch saakkundigen fan NHL Stenden Hegeskoalle.
Yn 2014 is de wetjouwing foar it ûnderwiis yn it Frysk feroare en hat de provinsje Fryslân in tal nije taken krige. Yn it ramt fan in foarsichtige desintralisaasje hawwe Provinsjale Steaten op betingsten foech krige om de kearndoelen Frysk fêst te stellen en hawwe Deputearre Steaten no de mooglikheid om njonken folsleine ûntheffing skoallen ek parsjele ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk te jaan. Mear as foarhinne is it ûnderwiis yn it Frysk dêrmei in ferantwurdlikheid fan de Fryske polityk wurden. As it goed is sil dat yn de partijprogramma’s foar de kommende Steateferkiezingen werom te finen wêze.

Mei it each op dy ferkiezingen wurdt yn de fiif artikels in byld jûn fan de aktuele ûnderwiissituaasje wat it Frysk oanbelanget mei in krityske beoardieling fan dat belied.
1. Yn de earste ôflevering steane twa ûndersiken nei de posysje fan it Frysk yn de mienskip sintraal en wurdt besocht om in antwurd te jaan op de fraach oft in ôfnimmende taalmacht fan it Frysk no in natuerlik proses is of krekt net.
2. Yn 2014 is de wetjouwing foar it Frysk yn primêr en fuortset ûnderwiis feroare en hat de provinsje wat mear foech oer it ûnderwiis yn it Frysk krige sûnder de einferantwurdlikheid fan it Ryk falle te litten. De ôflevering jout neist in delslach fan dy feroaringen ek oan hoe’t de nije wetlike regeling de bloei fan it ûnderwiis yn it Frysk net daliks te’n goede komt.
3. Yn de tredde ôflevering wurdt dúdlik hoe’t de provinsje stal jout oan syn nije taak foar it ûnderwiis. It docht bliken dat de klam is kommen te lizzen op oanpassing fan it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk oan it trochsneed Frysk taalgebrûk yn de (skoal)omjouwing en wat no wol of net oan it Frysk op ’e skoallen dien wurdt.
4. De fjirde ôflevering beskriuwt hoe’t yn de nije Bestjoersoerienkomst tusken Ryk en provinsje fan 2018 it belied foar de jierren 2019-2023 oanjûn wurdt. Hokker stappen tinke Ryk en provinsje te setten? Hoe sil de ûnderwiisynspeksje syn taak wer opkrije?
5. Yn de lêste ôflevering wurdt besocht om in antwurd te jaan op de fraach oft it Frysk ûnderwiisbelied fan de oerheid emansipearjend is of net. Emansipaasje yn de betsjutting fan it trochbrekken fan de efterstelde posysje fan it Frysk op ’e skoallen en it berikken fan in lykweardich plak dêrfoar yn meartalich ûnderwiis.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis

Dit is de ynlieding. De fiif ôfleveringen folgje yn de kommende wiken; moarn diel 1.

maart 3, 2019 19:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.