It Frysk yn de ferkiezingsprograms

maart 13, 2019 08:49

Wat stiet oer it Frysk en benammen oer it ûnderwiis yn it Frysk yn de ferkiezingsprograms fan de partijen dy’t meidogge oan de Steateferkiezingen op 20 maart 2019? Geeske Krol-Benedictus socht it út en sette it op in rychje.

 

It program fan it CDA is oer it kommend belied foar it Frysk yn it ûnderwiis dúdlik. It CDA stiet foar in provinsje dy’t tasjocht op de ferplichting dat op alle skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis it fak Fryske taal en kultuer jûn wurdt. Betingst is dat yn 2023 hûndert persint fan alle faklearkrêften it foech hat en bekwaam is en dat de provinsje dêr ekstra jild foar beskikber stelt. Gearhingjend mei de posysje fan it Frysk, sjocht it CDA perspektyf yn it fierder ynfoljen fan it konsept ‘trijetalige skoalle’. It provinsjaal bestjoer sjocht aktyf nei mooglikheden ta fierdere útwreiding binnen it basisûnderwiis.

De posysje fan it Frysk
De wetlike posysje fan it Frysk is ferankere yn de Wet gebruik Friese Taal. Ryk, provinsje, gemeenten en Wetterskip Fryslân moatte derfoar soargje dat de taal bestean bliuwt en it brûken stimulearre wurdt. De provinsje moat him ynspanne foar de útfiering fan de wet.

Punten dêr’t it CDA foar stiet

  • In bliuwende stipe foar de stúdzje Frysk oan de RUG.
  • It fuortsterkjen fan it Frysk as marketingynstrumint foar bedriuwen en ynstellingen om it Frysk mear sichtber te meitsjen yn de publike romte.
  • Ljouwert as ekspertisesintrum foar meartaligens.
  • Stipe by kommunikaasje yn it Frysk foar betiisde personen en demintearjende âlderen.
  • De provinsje jout it goede foarbyld by it brûken fan it Frysk sa as it promoten fan it Frysk op de eigen website.

 

It programma fan de PvdA is Frysktalich. Yn it haadstik “Winne foar kultuer en beweging” steane twa rigels oer it Frysk: “Fan taalpolizei nei taalwille! We geane foar nije en kreativere wizen fan Frysk ûnderwiis, basisskoallen mear ynspirearje en boeie mei bredere lessen.” Fierder neat oer it belied fan de PvdA oangeande it Frysk yn it ûnderwiis yn de kommende Steateperioade.

It wurd “polizei” jout de yndruk as soe der in swiere twangmjiitige kontrôle west hawwe, wylst der alteast wat it Frysk oangiet (slim genôch) praktysk gjin kontrôle wie. Mar miskien wurde Nederlânsk en Frysk trochinoar helle wat de strangens oangiet. Likegoed ek by in kreativer foarm fan ûnderwiis mei mear taalwille sil in foarm fan tafersjoch nedich wêze. Ek dan sil jilde moatte dat de Nederlânske en Fryske Taal lykberjochtige binne wat it tafersjoch op de kwaliteit fan it ûnderwiis oangiet.

It feestje fan meartaligens moat net fersteurd wurde trochdat it ûnderwiis fan it Frysk net lykweardich is oan dat fan it Nederlânsk. Of dat it Frysk sa op efterstân rekket troch te min ûnderwiis dat der hast gjin sprake mear is fan meartaligens. De ambysje fan de provinsje om in eksperimintearsintrum te wêzen foar meartaligens ferplichtet wol dat it mei de lykweardichheid en de lykberjochtiging fan beide talen goed sit. Wat is it belied fan de PvdA datoangeande?

 

De VVD begjint mei te sizzen grutsk te wêzen op it Frysk as de twadde taal fan Nederlân en dat dy yn stân holden wurde moat.

Dat klinkt aardich mar dan komt it… De wetlike beskerming fan it Frysk mei gjin ferplichting wurde, want soks giet yn tsjin de liberale grûnwearden. Hoe sit soks dan mei it Nederlânsk? It yn stân holden fan it Frysk moat neffens de VVD komme troch de minsken oan te setten om Frysk te learen en it oer de grinzen hearre litten fan Frysktalige films en muzyk lykas de Fryske Music Night.

De VVD wol it Frysk yn stân hâlde, mar it moat fun bliuwe en dus wurde de liberale grûnwearden derby helle om ferplichtingens op te kearen, al is de ferplichting Frysk yn it ûnderwiis al sa’n 40 jier lyn festlein. Beide talen binne yn Nederlân lykweardich en lykweardichheid is ek in liberale kearnwearde. Troch ferplichtsjen fan it Frysk net mooglik te meitsjen wurdt de lykweardigens net yn acht nommen en boppedat soe de persoanlike frijheid, dy’t de VVD heech yn it findel hat, fan Frysktalige bern oantaast wurde trochdat se gjin goed ûnderwiis yn de eigen taal krije kinne.

De VVD fynt dat der in ekstra finansjele bydrage komme moat fan de provinsje foar Omrop Fryslân om’t dy neist de rol as regionale omrop yn Fryslân ek in spesifike taak hat by it stimulearjen fan it Frysk.

 

De SP hat in Fryske ferzje fan it programma.
De SP fynt it wichtich dat de Fryske taal in libbenne taal bliuwt en dat de Fryske taal stimulearre wurdt. De SP wol it brûken fan it Frysk op alderhanne mêden befoarderje. Omrop Fryslân, de Afûk en de Fryske Akademy spylje dêr ek in wichtige rol yn. Lykas ek it twa- en trijtalich ûnderwiis. De SP fynt dat de provinsje dêr finansjele stipe foar jaan moat. Kontrôle op it ûnderwiis is goed sa’t dy no is, ek foar it Frysk ûnderwiis. Wannear’t lykwols beskate wetlike taken troch in ynstelling net neikommen wurde, sil de kontrôle stranger makke wurde moatte.

Kontrôle op it Frysk yn it ûnderwiis is der no net. Dat sil der dus mei gauwens komme moatte.

 

It ferkiezingsprogram is yn fjouwer ferzjes útkommen: yn it Frysk, it Biltsk, it Stellingwerfsk en it Nederlânsk.
It Frysk komt hieltiid mear ûnder druk te stean. De FNP wol dêrom no hannen en fuotten jaan oan de útkomsten fan it ûndersyk nei de stân fan saken fan it Frysk. Dêrby is in goede kwaliteit fan it ûnderwiis krúsjaal. Yn it foarste plak moat de Fryske taal spegele wurde oan it Nederlânsk. It provinsjale ûntheffingsbelied moat derop rjochte wêze dat de Fryske en de Nederlânske taal lykweardich binne mei deselde kearndoelen

De FNP pleitet foar in Educational Board (ûnderwiis stjoergroep) mei in eigen lieding en budzjet. Dêr moatte skoalbestjoeren, boppeskoalske direksjes, de ûnderwiisynspeksje, de pabû en de skoalbegeliedingstsjinst in sit yn krije. De ûntwikkeling fan it taal- en kultuerbelied en it Fryskeigene is ien fan de wichtichste kearntaken fan Fryslân.

De FNP wol dat der bliuwend ynvestearre wurdt yn organisaasjes as de Fryske Akademy, Tresoar, Afûk en de Omrop. In eigen folweardige universiteit foar Fryslân is heechnedich. In universiteit is in impuls foar de takomst fan ús jongerein en sil in opstap wêze kinnen nei mear heechweardige banen yn ús provinsje.

De FNP wol ek dat it taalorgaan DINGtiid in echt sintrum foar de Fryske taal en kultuer bliuwt, om in effisjinte útfiering fan taalbelied en taalplenning mooglik te meitsjen. It komt no oan op it goed útfieren fan de nije Taalwet. Dat moat op koarte termyn troch de provinsje yn oparbeidzjen mei Ryk, gemeenten en oare organisaasjes dien wurde.

Ryk en provinsje moatte soargje dat de Fryske taal en kultuer safolle mooglik yn alle domeinen konkretisearre en befoardere wurde. De FNP wol dat de ôfspraken dêr’t Nederlân mei it Europeesk Hânfest foar regionale of talen foar minderheden foar tekene hat, ek neikommen wurde. De Fryske literatuer, ek yn fernijende foarmen en mei oersettingen, moat stipe wurde.

De FNP wol dat de provinsje as ferantwurdlike foar de hiele mienskip fan Fryslân in aktiver stimulearjend en faslitearjend belied fiert foar it Biltsk, it Stellinwerfsk en de stedstalen. De gemeente moat besjen oft stipe jûn wurde kin oan it Frysk yn Grinslân (Westhoeke). Dat jildt ek foar de Fryske gemeenten dêr’t dy talen brûkt wurde

De tagonklikheid fan de digitale wrâld mei en yn it Frysk is fan wêzentlik belang foar it fuortbestean fan ús eigen taal. De provinsje moat soargje dat Fryslân mei it Frysk foarop rint. Dêrby giet it derom dat mei de aloan tanimmende krêft en mooglikheden fan kompjûterprogramma’s om real time fertale te kinnen it Frysk in selde posysje kriget as it Nederlânsk. Der wurdt ek besocht om ynternasjonale e-learningprogramma’s lykas Babbel (online learning foar it Frysk te ynteressearjen.

Underwiis en meartaligens
De kwaliteit fan it ûnderwiis is foar de FNP tige wêzentlik. Alle bern yn Fryslân moatte de kâns krije om har meartalich te ûntwikkeljen. Dat begjint by de pjutteboartersplakken en mei net ophâlde by de basisskoalle, mar giet troch oant de universiteit. De provinsje moat it tal sertifisearre pjutteboartersplakken omheech bringe. De FNP wol mei faasje it tal trijetalige skoallen útbouwe. Twatalige skoallen dy’t it Frysk ek as fak en fiertaal ynfierd hawwe en in taalbeliedsplan makke hawwe dat de kwaliteit fan meartaligens foarop set wol de FNP ek stypje.

Om’t bliken dien hat dat de ynspeksjetsjinst net goed oanslút by it ûnderwiis yn Fryslân, moat der in eigen Fryske ûnderwiisynspeksje komme. Dat wol sizze foar it hiele skoalsysteem.

It foech oer de ynrjochting fan it ûnderwiis moat nei Fryslân foar 2023.

 

De PVV hat in programma yn it Frysk.
De PVV giet yn prinsipe út fan it belang fan Fryslân en syn befolking. Dêrom altyd de fraach: “Wurdt ús provinsje der better fan? Wat betsjut it foar de leefberens, de wurkgelegenheid, Fryske taal en identiteit?

Kultuer, taal en ûnderwiis
De PVV is grutsk op de Fryske taal en kultuer. De provinsje is de earstferantwurdlike. Fryslân is in twatalige provinsje. Foar de PVV betsjut dat dat de Fryske oerheid allinne Frysk en Nederlânsk brûkt, gjin oare talen. De PVV ferwachtet fan (semy-)oerheidspersoniel dat it de Fryske taal yn alle gefallen ferstiet en sa mooglik praat. Dêr heart ek lesjaan yn it Frysk by. Yn it basisûnderwiis moatte skoallen fatsoenlik Frysk ûnderwize kinne. De miljooenen dy’t de provinsje dêr alle jierren foar útlûkt soene derta liede moatte dat alle skoallen no oer genôch dosinten mei it foech Frysk beskikke kinne. It wurdt heech tiid om op dat punt te begjinnen mei hanthavenjen. It omgriemen en goedpraten moat in kear ophâlde. De provinsje befoarderet de saakkundigens fan de leararen Frysk. De PVV is it iens mei in strangere kontrôle op de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis.

 

Fryske taal en kultuerbelied
De ChristenUnie fynt it Frysk in wichtige drager fan de Fryske kultuer. It Frysk moat yn stân bliuwe en wêr’t dat mooglik is moat it brûken oanmoedige wurde. De lêste jierren hat it Frysk in wichtich plak yn it ûnderwiis krige. De CU sil trochgean om dat te stimulearjen. Frysk is yn it ûnderwiis in ferplichte fak. Troch it ûntheffingssystem hat 72% fan de basisskoallen in parsjele of sels in folsleine ûntheffing fan dy ferplichting. De CU wol dat alle bern yn it basisûnderwiis minimaal fan groep 5 ôf op syn minst ien oere yn de wike les krije yn it Frysk. Dêr kin dan in koppeling by makke wurde mei de Fryske kultuer, sporten en musea.

Soarch en Frysk
De ChristenUnie fynt it fan belang dat soarchferlieners lykas ferpleechkundigen, dokters, agogysk meiwurkers en psychologen it Frysk passyf of aktyf behearskje, sadat minsken harren eigen taal brûke kinne. De CU wol dat soarchopliedingen (mbû en hbû) it Frysk as fêste module yn it lesprogramma opnimme.

Konkrete punten en boustiennen

  • Fryske taal bliuwt fêst ûnderdiel yn it lespakket basisûnderwiis sûnder de mooglikheid fan frijstellingen.
  • Soarchopliedingen (mbû en hbû) nimme in fêste module op yn har lesprogramma.
  • Oprjochtsjen fan in Kennissintrum Lytse Talen om lytse talen te stimulearjen ûnder mear troch gearwurkjen mei it Fries filmplatform voor jonge filmmakers.

 

D66 stelt grutsk te wêzen op de twadde rykstaal en wurkje te wollen oan de posysje fan de Fryske taal. De partij giet dêrby út fan de krêft fan de taal mar net fan de regeljouwing. De taal moat op skoalle in plak krije en tegearre mei it ûnderwiis moat útmakke wurde op hokker wize foldwaande omtinken jûn wurde kin oan de Fryske taal en kultuer. Der wurdt op wiisd dat taal nea útslute mei en dat wy net ferjitte meie dat Fryslân in twatalige provinsje is dêr’t Frysk en Nederlânsk in lykweardige posysje hawwe.

D66 wiist derop dat yn de soarch en by de plysje it belangryk wêze kin dat minsken yn de memmetaal holpen wurde en dat meiwurkers dus op syn minst Frysk fersteane. Wurkjowers en provinsje moatte dêr kursussen foar beskikber stelle. Skoallen hawwe betiden muoite om goede learkrêften te finen dy’t de lessen Frysk fersoargje kinne. De partij wol dêrom dat in Fryske dosintepoule fan de provinsje út organisearre wurdt mei in groep goede dosinten dy’t troch ferskillende skoallen fleksibel ynset wurde kin.

D66 hat gelyk dat Nederlânsk en Frysk yn Fryslân in lykweardige posysje hawwe. Dat jildt ek foar it ûnderwiis yn de eigen taal. Dus moat it mooglik wêze dat Frysktaligen oan de ein fan de basisskoalle yn de Fryske taal itselde nivo helje kinne as Nederlânske bern yn it Nederlânsk. It systeem fan skoallen mei ûntheffing slút dat meast út en docht dêrmei Frysktalige bern tekoart. Lyksa moat regeljouwing dy’t fan belang is foar it ûnderwiis fan it Nederlânsk net útsletten wêze foar it ûnderwiis fan it Frysk.

 

GrienLinks is posityf oer ‘Lân fan taal’ en stipet de ambysje om it te ûntwikkeljen as in produksjehûs foar meartaligens.
GrienLinks neamt it Taalplan Frysk en is posityf oer de ynset, mar fynt tagelyk dat it fuortsterkjen en it yn stân hâlden fan it Frysk sterker op ’e kaart set wurde moat. Foaral om’t skoallen ûntheffing oanfreegje kinne foar dat taalplan. GrienLinks wol ynvestearje yn de kwaliteit fan de Fryske lessen. Boppedat wol de partij yn de kommende perioade evaluearje om nei te gean oft de kearndoelen en de ûntheffingsproseduere yn de hjoeddeiske foarm bliuwe moatte.

GrienLinks is it iens mei in strangere kontrôle op de kwaliteit fan it ûnderwiis Frysk. In goed tafersjoch op de kwaliteit fan it ûnderwiis hoecht in aardige en nijsgjirrige wize fan lesjaan net yn ’e wei te stean.

 

De PvdD hat in Fryske ferzje fan it programma. De partij is foarstanner fan it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. It hiele ûnderwiis moat oan de stelde kwaliteteitskritearia foldwaan. De PvdD is it iens mei in strangere kontrôle op de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis.

 

 

 

Behâld fan kultuer easket in eigen kulturele ynfratruktuer. Mear jild foar keunst, kultuer en sport. Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en it wolwêzen fan minsken. De Fryske taal en kultuer bine in grut part fan de Fryske befolking en is eigen oan de provinsje. It is dan ek logysk dat de provinsje jild beskikber stelt foar it behâld en it fuortsterkjen dêrfan. Foar de kommende perioade hat Fryslân him, op inisjatyf fan 50PLUS oanmeld by it Ryk as Kulturele regio. 50PLUS is it alhiel iens mei in strangere kontrôle op de kwaliteit fan it Frysk taalûnderwiis

 

 

Der is al wetjouwing. Kontrôle lit te winskjen oer.

 

 

 

 

NATUURLIJK FRYSLAN

Wat mei-inoar ôfpraat is moat ek útfierd wurde. By ôfspraken heart ek kontrôle, oars kin men it better neat ôfprate. Strangere kontrôle neutraal.

 

 

DENK jout gjin omtinken oan it Frysk.

 

 

 

 

De rike kultuerhistoarje fan Fryslân moat libben holden wurde. De SGP wol ûndwer mear ynsette op Fryske taal, fan berte oant libbens. Fan belang dêrby is om de suverens fan de Fryske taal yn stân te hâlden, mar foaral ek te befoarderjen. De partij is it der hielendal mei iens dat der stranger kontrolearre wurdt op de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis.
De oerheid boarget de eigenheid fan de regionale omroppen.

 

 

It FvD jout gjin omtinken oan it Frysk.

 

 

 

maart 13, 2019 08:49
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Piter Dykstra maart 13, 10:14

    ‘Sis tsiis’ hat it part fan de programma’ s oer it Frysk (op skoalle) útsplitst nei 8 stânnpunten of stellingen, dy sa keazen binne dat de measte programma’s der wol wat oer sizze. En hja hawwe dêr in weardeoardiel oan jûn fan ‘dêr hoege wy neat fan te ferwachtsjen’ oant ‘stiet op it foarste plak by de formaasjeûnderhannelings’. Dy stimwizer stiet op in struibrief, dy’t wer te finen is op harren webside: https://www.sistsiis.frl

  2. Eric maart 13, 12:25

    De PvdA brûkt it wurd “Taalpolizei” om oan te jaan wat se by dy partij tinke oer minsken dy’t yn it ferline opkamen foar it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.