Ingelân set Brútstap en sleept Skotlân mei

maart 22, 2019 22:23

As de Brútstap trochgiet, dan is dat in ramp foar de Skotske ekonomy. Dat hat it Skotske regear freed oan it regear yn Londen trochdien. Mei sifers hawwe de Skotten sjen litten dat harren ekonomy slim te lijen kriget fan nije ymmigraasjeregels.

It Ingelske regear wol dat EU-boargers harren tenei allinnich yn it Feriene Keninkryk fêstigje meie, as hja op syn minst tritich tûzen pûn fertsjinje. Yn Skotlân lizze de ynkommens lykwols in stik leger: de trochsneed is achttjin tûzen pûn yn it jier. Dat wol sizze dat it foar de Skotten tige lestich wurdt om oan foldwaande arbeidskrêften te kommen.

De Skotske premier Nicola Sturgeon hat it belied fan Theresa May ‘ûnferantwurdlik’ neamd. Hja is fan betinken dat frou May ‘in oar paad ynslaan moat’. De Europeeske Uny hat it útstapfoarstel fan it Britske regear fan ‘e hân wiisd. De Britten krije no oant 22 maaie de tiid om in akseptabele Brútstapregeling te betinken, oars fljogge hja sûnder ôfspraken út de Europeeske Uny of bliuwe hja ynearsten gewoan lid. Frou May wol allebeide net.

maart 22, 2019 22:23
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 maart 23, 13:48

    Skotlân hat it naive idee dat der yn dy EU wat te heljen falt. Dom dom dom. Skotlân ûnôfhinklik, prima idee. Skotlân lid fan dy EU, dom dom dom. Dy EU is in ôfrinnend ferhaal, in dom projekt dêr’t men sa gau as mooglik fan ôf moat.

  2. Sybren maart 23, 16:08

    En werom dan mbc84? Ik doe de argumenten wolris hearre wolle. Samar wat roppe kunne we allegearre wol

  3. mbc84 maart 23, 17:54

    Ik tink dat it earder oarsom is. Wêrom wol? Ik soe wol ris arguminten hearre wolle.. At dy EU wier sa fantastysk en geweldich is sa’tsto dat hawwe wolst, dan stimde net sa’n grut persintaazje foar de Brexit.
    Sjoch ris nei Kataloanje en hoe’t de EU dêr mei omgongen is. It kin de EU gjin donder skele, dy is hielendal net foar autonomy en selsbestjoer (foar minderheden en/of naasjes). De EU is in grut loch systeem dêr’t in gewoane boarger neat yn te sizzen hat. Sjoch ris nei hoe’t dy Europeeske Kommisje yninoar sit. Sjoch ris nei it demokratyske gehalte derfan. De EU is in grut fersin, dat sa fluch as mooglik opheft wurde moat. In lichte fariant fan de EEG kin der foar yn it plak komme, mar een Ever more integrated Union moat en mei (en sil) der net komme, om’t dat de folken fan Europa deawâdet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.