In b(l)oeiend Fryslân foar de greidefûgels

maart 14, 2019 12:20

Op syn minst hûndert hektare nije blom- en krûderike greiderânen yn Fryslân. Dat is fan ’t jier it doel fan de kampanje Grutsk op ús Greidefûgels. Want in bloeiende agraryske natuer is goed foar de greidefûgels. Njoggen partijen komme mei-inoar yn aksje om greidefûgels yn it Fryske lânskip te beskermjen. Op de pleats fan famylje Tjeerdsma op ’e Feanhoop freegje dy omtinken foar it begjin fan it briedseizoen.

flnr: Frans Kloosterman (foarsitter BFVW), Peet Sterkenburgh (LTO-Noord) en deputearre Johannes Kramer (provincie Fryslân)

De njoggen oangeande partijen binne: Bûn Fryske Fûgelwachten, LTO-Noard, Provinsje Fryslân, Agraryske Jongerein Fryslân (AJF), Kollektiveberied Fryslân, Cumela, Federaasje Particulier Grondbezit, Nordwin Kolleezje en Van Hall Larenstein.
Dizze moanne krije alle boeren yn Fryslân it magazine Grutsk op ús Greidefûgels. Dêr wurdt yn oproppen om greiderânen yn te siedzjen mei in blom- en krûderyk gersmingsel. De earste hûndert boeren dy’t harren melde, krije acht kilogram fan it gersmingsel fergees thús stjoerd. Dêr kinne se in hektare greiderânen mei trochsiedzje. Dêrneist krije alle boeren tweintich persint koarting op harren bestelling fan blom- en krûderyk gersmingsel as se dy fia Grutsk op ús Greidefûgels pleatse. Op nei in bloeiend Fryslân! Want in bloeiend Fryslân is in boeiend Fryslân!

Blom- en krûderike greiderânen
Blom- en krûderike greiderânen leverje in ryk ynsektelibben op. De bloeiende greiderânen binne goed foar de pykjes. Dy fine dêr harren iten en kinne dêr skûlje tsjin rôvers. De wil is der by boeren om krûderike greiden yn de bedriuwsfiering yn te passen, mar it feitlik tapassen dêrfan is in folgjende stap. Mei de aksje fan Grutsk op ús Greidefûgels besykje de partijen in triuwke yn de goede rjochting te jaan. Soarchplicht betsjut neffens de oangeande partijen ek dat boeren derfoar soargje dat de greidefûgels it op it boerelân goed hawwe, dus it lânskip foar harren bloeiend en boeiend meitsje.

Soarchplicht
Op grûn fan de wet natuerbeskerming hawwe boeren in soarchplicht foar greidefûgels. De provinsje moat dêrop tasjen. Boeren binne ferplichte om foarôfgeand oan it wurk op it lân maatregels te nimmen om neidielige gefolgen foar greidefûgels foar te kommen. Dat betsjut dat se foarôf witte moatte wêr’t de nêsten binne  of wêr’t de pykjes yn it lân sitte. De pleatslike fûgelwacht kin dêrby helpe. Net alle boeren en leanwurkers binne bekend mei dy soarchplicht. Dêrom wurdt it kommende briedseizoen op ferskillende mominten omtinken frege foar it beskermjen fan de greidefûgels.

Mear ynformaasje op https://grutskopusgreidefugels.nl/

maart 14, 2019 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.