Iepening Miniatuerpark by bûten Tenaxx yn Wedde troch Hans Wiegel

maart 30, 2019 07:47

Op sneon 6 april wurdt Miniatuerpark ‘Het Grootse Noorden’ iepene troch Hans Wiegel. Fan 11.00 oere ôf is it park iepen en om 12.00 oere ferrjochtet Hans Wiegel de iepening.

Coevorden (foto: Landgoed Tenaxx)

It nije miniatuerpark befettet hast 80 skaalmodellen fan karakteristike huzen, tuorren, mûnen en oare bouwurken út de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Bygelyks: de Martinitoer, de Menkemaborch, de Burcht fan Wedde, stasjon Grins, Kleaster Ter Apel, in hunebêd, ja-knikkers út Schoonebeek, Frjentsjer, de Wetterpoarte fan Snits, de tsjerke fan Wiuwert mei mummys en fjoertoer de Brandaris.

Miniatuerpark ‘Het Grootse Noorden’ leit op it terrein fan bûten Tanaxx yn Wedde. It is in apart park neist it Dinopark en Beammepark (arboretum). De miniatueren binne hast allegear ôfkomstich fan it eardere Miniatuerpark Appelskea, dat yn 1989 ek troch Hans Wiegel iepene waard en bestie oant 2007.

Foto: Andries Schoo

Dêrnei binne de miniatueren tsien jier bewarre yn in loads en yn 2018 ferkocht oan bûten Tenaxx. De miniatueren, dy’t slim skansearre wiene, binne restaurearre. De boarterstastellen en it âlde diseltreintsje binne reparearre. Der binne rails lein en men kin mei it treintsje in rit meitsje troch it park. By de yntreepriis binne ûnbeheind patat, flaubiten en ranja ynbegrepen. Wolle jo sawol it Dinopark as it Miniatuerpark besytsje? Dan binne der ekstra foardielige kombykaartsjes te keap.

Mear ynfo op www.landgoedtenaxx.nl.

maart 30, 2019 07:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.