Iepen MienskipsFûns subsidiearret Madnes en 17 oare projekten

maart 28, 2019 08:46

It Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân jout € 13.200 subsydzje oan festival MadNes op it Amelân. It muzyk-, sport- en duorsumheidsevenemint wol yn de oansteande edysje eksperimintearje mei sirkulêre systemen. It festival wurdt op it strân holden en hat sadwaande swierrichheden mei de rioelkapasiteit.

Madnes op it Amelân (foto: Provinsje Fryslân)

Yn ’e mande mei Semilla Sanitation Hubs wurde de nijste technologyen tapast om rioelwetter wer brûke te kinnen. De Waadkampus wurdt deryn behelle om de besikers bewust te meitsjen fan it sirkulêre systeem. It projekt kostet € 33.000.

MadNes is ien fan de achttjin projekten op de Fryske Waadeilannen dy’t IMF-subsydzje krije. Dy projekten stekke mei-inoar goed € 577.950 yn de leefberheid fan de eilannen.

Iepen Mienskipsfûns
Yn 2019 kin noch twa kear subsydzje fan it IMF oanfrege wurde (yn april en septimber). Betingst is altyd dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberheid. Mear ynformaasje is te finen op www.streekwurk.frl/imf.

 

maart 28, 2019 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.