Iepen dei en brânwachtwedstriden op ’e Gordyk

maart 17, 2019 09:38

Sneon 30 maart is fan 11.00 oant 16.00 oere in iepen dei by de brânwachtkazerne fan De Gordyk. Fan 11.00 oere ôf binne der ferskate demonstraasjes en aktiviteiten foar jong en âld. Dy deis kin men efter de skermen by de brânwacht sjen en wurdt ynformaasje jûn oer it wurkjen by de brânwacht. Dêrneist kinne besikers by brânwachtwedstriden sjen.

Brânwacht De Gordyk (foto: Kees van der Mark)

Demonstraasje en efter de skermen sjen
Op de iepen dei is der in fariearre programma foar jong en âld dêr’t ferskate ûnderdielen fan it wurkfjild fan de brânwacht by oan bod komme. Witte jo hoe’t de brânwacht by in ûngefal te wurk giet? En wat je allegear dwaan moatte as je de flam yn de panne krije? Op de iepen dei kin men it allegear leare en besjen. Dêrneist binne der ferskate oare helpferlieners oanwêzich, lykas Reade Krús, Rêdingsbrigade, Ambulânse en Nederlânske Brânwûnestifting.

Brânwachtdiploma foar bern
Foar bern dy’t meikomme nei de iepen dei is der in springkessen en in sirkwy fan spullen dêr’t se in brânwachtdiploma mei helje kine. Se kinne ek as brânwachtfrou/man op ’e foto, dwêste mei in echte brânwachtslang en in brânwachtauto besjen.

Brânfeilich libje
Op de iepen dei wurdt ynformaasje jûn oer wat men dwaan kin om de feiligens yn de omjouwing te fergrutsjen. Der wurdt ferteld oer it belang fan reekmelders en hoe’t men flechtsje moat foar reek. Wolle jo mei de brânwacht yn petear oer brânfeiligens thús en jo omjouwing? De brânwacht ynformearret jo graach.

Brânwachtwedstriden
Jo kinne ek by de ABWC brânwachtwedstriden sjen. Njoggen brânwachtploegen út Grinslân, Drinte en Fryslân gean dy deis de striid mei-inoar oan op ’e Gordyk en litte sjen wêr’t se yn de deistige praktyk mei te krijen ha, nammentlik ûnder tiidsdruk op in feilige manier mei ynsindinten omgean. Foar de dielnimmende tiims is in aardich en útdaagjend senario betocht. Kom foaral te sjen!

maart 17, 2019 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.