Huzen yn Wuppertal ûntromme fanwege sinkgat

maart 11, 2019 09:39

Foto: morguefile.com

Acht huzen yn Wuppertal, oer de grins by Venlo yn Dútslân, binne snein ûntromme om’t se drigen yn te stoarten. Likernôch santich minsken moasten earne oars sliepe.

Sneintemiddei hearden bewenners dat de muorren barsten en seagen se skuorren ûntstean. Ut ûndersyk fan de brânwacht die bliken dat der in sinkgat ûnder de gebouwen ûntstien wie. Hoe’t dat barre koe is noch ûndúdlik. Faaks is der grûn fuortspield, mar it kin ek skea as gefolch fan mynbou wêze.

De measte bewenners binne opfongen troch famylje en kunde. De dyk is troch de plysje ôfsletten. Guon auto’s op in parkearplak yn ’e omkrite binne út foarsoarch weisleept.

maart 11, 2019 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.