Himmelwike Fryske gemeenten úteinset

maart 19, 2019 16:30

Mear as trijehûndert bern stutsen fan ’e moarn yn Tsjalbert de hannen út de mouwen mei it doel om de omkriten fan It Hearrenfean in skjinmakbeurt te jaan. De gemeente It Hearrenfeen hie de ear om de jierlikse Himmelwike te starten. De ‘Himmel Heroes’ fan SWS De Nijewier giene mei gripers en smoarchguodsekken de dyk om ôffal byinoar te sykjen. Yn de gemeente dogge goed 1300 bern fan sechtsjin skoalle mei oan it projekt.

Omrin organisearet al jierren de Himmelwike. Dy wol de bern al jong bewust meitsje fan swerfôffal, it skieden fan ôffal en it sunich omgean mei grûnstoffen. Edukaasje is belangryk foar Omrin yn alle sirkulêre ambysjes fan it bedriuw.

Takomme wike is Ljouwert oan bar. Dan dogge hast 3200 bern mei, in rekôroantal. Dêrnei folgje noch Waadhoeke, Opsterlân, Eaststellingwerf, Harns en (it earderde) Ferwerderadiel.

Learlingen fan SWS de Nijewier yn Tsjalbert ree foar der skjinmakaksje. Foto Omrin

 

 

maart 19, 2019 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.