Himmelaksje Hearrenfeanske grêften op freed 22 maart

maart 16, 2019 10:13

SUP AWAY Hearrenfean organisearret himmelaksje yn it ramt fan de Lanlike Opskjindei fan Nederlân Skjin

Foto: Annemieke Kok

Op freed 22 maart, Wrâld Wetter Dei, organisearret SUP AWAY Hearrenfean yn gearwurking mei SUPcleanup in grutskalige aksje om de grêften fan It Hearrenfean swalkôffalfrij te meitsjen: de ‘SUPporter fan Skjin Hearrenfean-tocht’. De organisaasje ropt ynwenners fan It Hearrenfean en omkriten op om de hannen út de mouwen te stekken en mei te dwaan, of de suppers fan de kant ôf oan te moedigjen.

It startsein fan de supaksje wurdt jûn troch ûnder oare Carlos Platier Luna (winner Expeditie Robinson 2017), topsporter Rianne de Vries (shorttrackster) en Peter de Vries (sintrummanager It Hearrenfean en earder maratonhurdrider). De himmelaksje wurdt organisearre yn it ramt fan de Lanlike Himmeldei dy’t op 23 maart foar de 17e kear holden wurdt. Dêrby wurde troch hiel Nederlân goed twatûzen himmelaksjes organisearre dêr’t jierliks mear as 125.000 minsken oan meidogge. Oanmelde foar de supaksje troch de Hearrenfeanske grêften of in oare himmelaksje foar de Lanlike Himmeldei kin fia www.supportervanschoon.nl.

Gean foar mear ynformaasje nei www.nederlandschoon.nl of www.supportervanschoon.nl.

maart 16, 2019 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.