Het Klokhuis organisearret lanlike iepen bedriuwedei foar bern

maart 22, 2019 10:00

Gjin dokter, advokaat of proffuotballer. Nee, hieltyd mear bern wurde letter eigen baas! Hoe jout men bern dêr it juste ark foar? Dat krije se op sneon 30 maart by de lanlike iepen bedriuwedei Het Klokhuis Onderneemt Backstage. Goed 130 bedriuwen yn Nederlân iepenje dy deis spesjaal foar bern de doarren. Fan ketsjupfabryk oant autowaskerij en fan rûgeltsjesmakker oant hûne-útlitbedriuw, it oanbod is tige fariearre.

Sjoch op www.hetklokhuis.nl/backstage hokker ûndernimmers by dy yn de regio meidogge.

Ofbylding: NTR

Oer Het Klokhuis Onderneemt Backstage
Het Klokhuis Onderneemt Backstage is ûnderdiel fan in krúsmediaal projekt oer ûndernimmen, dat jeugprogramma Het Klokhuis opset hat mei stipe fan de Keamer fan Keaphannel. Doel dêrfan is om bern fertroud te meitsjen mei ûndernimmerskip, én om se te ynspirearjen ûndernimmende feardichheden te ûntwikkeljen. It is de twadde kear dat de iepen bedriuwedei organisearre wurdt. De earste edysje fan Het Klokhuis Onderneemt Backstage wie in grut súkses.

Gean foar mear ynformaasje nei www.hetklokhuis.nl/backstage.

maart 22, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.