Heech rint waarm foar akwatermy

maart 10, 2019 16:01

flnr deputearre Michiel Schrier, wethâlder Erik Faber, Egbert Berenst fan Wetterskip Fryslân, John van der Velden fan Pleatslik Belang Heech en foarsitter Gerard van der Laan fan Enerzjykoöperaasje Duorsum Heech.

Heech wol it earste ierdgasfrije doarp fan Fryslân wurde. Der wurdt al ûndersocht oft it finansjeel mooglik is om it hiele doarp te ferwaarmjen troch akwatermy: waarmte wûn út oerflakwetter. De Enerzjykoöperaasje Duorsum Heech is sûnt 2017 dwaande om in kollektyf waarmtenet (Waarm Heech) te ûntwikkeljen. It moat yn eigendom en behear komme fan it doarp. Underskate partijen rinne al waarm foar it plan. Ofrûne tongersdei is der in akkoart tekene, troch ynweners ek. It ûndersyk moat foar de simmer dien wêze.

Neffens Erik Faber, wethâlder fan Súdwest-Fryslân moatte yn 2050 alle huzen en bedriuwsgebouwen fan it gas ôf wêze. “Om dat mei de ynwenners fan de gemeente te realisearjen kinne wy de ûnderfiningen fan Heech goed brûke.”

Wetterskip Fryslân is der ek benijd nei, neffens Egbert Berenst fan it deistich bestjoer fan it wetterskip, en deputearre Michiel Schrier stipet it inisjatyf fan herten. “Heech docht wêr’t wy yn Fryslân goed yn binne: fan it doarp út de skouders derûnder om duorsume enerzjy te winnen en dat mei gebrûk fan it wetter dêr’t ús provinsje bekend om stiet. In prachtich foarbyld fan hoe’t mei de enerzjytransysje troch lokale mienskippen úteinset wurde kin. Unyk yn Nederlân.”

maart 10, 2019 16:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.