Grutte databank fan it Noard-Frysk online

maart 15, 2019 14:22

Wa’t de grammatika siket fan in Noard-Frysk dialekt, wa’t in Noard-Frysk wurd siket of wa’t witte wol hokker toanielstikken oft der yn it Noard-Frysk skreaun binne, dy kin teplak yn de Thesaurus des Nordfriesischen. Dat is in grutte databank dêr’t hast alles wat oer it Noard-Frysk bekend is, yn stiet.

It Noard-Frysk is de foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn Noard-Fryslân, in regio yn it noarden fan Dútslân, oan ‘e Waadsee. Der binne op it heden noch sa’n tsientûzen sprekkers, dy’t in ferskaat oan dialekten prate. Oan de universiteiten fan Kiel en Flensburg kin men de taal studearje.

De databank is makke troch meiwurkers fan de universiteit fan Kiel. Hja hawwe der tweintich jier oan wurke. Op it stuit is er allinnich tagonklik foar studinten en wittenskippers. Hja kinne tagongsgegevens opfreegje by Jarich Hoekstra, de heechlearaar Frysk oan de universiteit fan Kiel.

maart 15, 2019 14:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.