Gjin dammer mear ûnskansearre by toernoai Fryslân Open

maart 1, 2019 07:33

Nei de trije omlopen fan ’e earste dei fan it ynternasjonale toernoai Frysk damjen yn Frjentsjer wiene noch fjouwer spilers sûnder puntferlies. Nei de fjirde omloop wie dêr noch ien fan oer. Marten Walinga en Taeke Kooistra holden inoar kreas yn it lykwicht en dielden it punt.

Foto: Marten Walinga

Folle mear spektakel wie der by de partij tusken Jelle Wiersma en Tsjerk Wijbenga. Wiersma, in fjirtjin dagen lyn noch Frysk kampioen wurden, pakte in hout foarsprong, hoewol’t er syn daam net hâlde koe. Efkes kaam Wijbenga fanwegen. Mei in machtigen slach helle de Arumer sels in daam, dat Wiersma joech him nei 22 setten al de hân.

Lang genietsje fan syn kopposysje koe Wijbenga lykwols net. Yn ‘e folgjende omloop ferlear er fan Kooistra, en dêrnei fan Walinga. Dat makke dat dy dammers no twarisom boppeoan steane, op in heal punt folge troch in trijetal dêr’t ek de “Hollânske” dammer Jan van Dijk diel fan útmakket. Hy naam de erkende Fryske spilers Hein de Vries en Kees Tijssen te fiter, en wûn sels hast fan Walinga.

Utslaggen en stân

Fjirde omloop
Dicky van der Meer – Alexander Georgiev 0.5-0.5; Jan van Dijk – Hein de Vries 1-0; Frederik Bos – Bauke Dijkstra 1-0; Hans Jansen – Foeke Tiemensma 0.5-0.5; Kees Tijssen – Liuwe Westra 1-0; Aleksej Domchev – Auke Zijlstra 1-0; Macodou NDiaye – Patrick Casaril 0-1; David Riupassa – Sjoerd Couperus 0-1; Piet Sikma – Jean Marc Ndjofang 0-1; Renaud Braye – Petra Duskova 0-1; Alexander Shvartsman – Fedde Wiersma 0-1; Darya Tkachenko – Herbert Tulleken 1-0; Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma 1-0; Marten Walinga – Taeke Kooistra 0,5-0,5.

Fyfde omloop
Kooistra – Wijbenga 1-0; Van Dijk – Walinga 0.5-0.5; Duskova – Westra 0-1; Couperus – NDiaye 1-0; Riupassa – Braye 1-0; Zijlstra – Sikma 1-0; F. Wiersma – Tkachenko 1-0; Tulleken – Shvartsman 0-1; Ndjofang – Dijkstra 1-0; De Vries – Domchev 0.5-0.5; Casaril – Jansen 1-0; Tiemensma – Van der Meer 1-0; Georgiev – Tijssen 0.5-0.5; J. Wiersma – Bos 1-0.

Sechsde omloop
Kooistra – J. Wiersma 0,5-0,5; Wijbenga – Walinga 0-1; Tijssen – Van Dijk 0-1; Tiemensma – Ndjofang 1-0; Bos – Casaril 1-0; Westra – Couperus 1-0; Domchev – Georgiev 0-1; Jansen – De Vries 1-0; Van der Meer – Riupassa 1-0; Duskova – F. Wiersma 0-1; Dykstra – Zylstra 0-1; Shvartsman – Sikma 1-0; Braye – Tkachenko 0-1; Ndiaye – Tulleken 1-0.

Stân
1-2 Kooistra, Walinga 5 punten
3-5 Jelle Wiersma, Van Dijk, Tiemensma 4,5 punt
6-9 Wijbenga, Bos, Georgiev, Westra 4 punten
10-12 Tyssen, Van der Meer, Jansen 3,5 punt
13-17 Casaril, Couperus, Ndjofang, Zijlstra, F. Wiersma 3 punten
18-19 De Vries, Domchev 2,5 punt
20-25 Duskova, Dykstra, Shvartsman, Ndiaye, Riupassa, Tkachenko 2 punten
26-27 Sikma, Braye 1 punt
28 Tulleken 0 punten

Lotting sande omloop:
Van Dijk – Kooistra
Walinga – Tiemensma
Jelle Wiersma – Westra
Georgiev – Wijbenga
Jansen – Bos
Tyssen – Van der Meer
Casaril – Zylstra
Ndjofang – Couperus
Fedde Wiersma – Domchev
De Vries – Braye
Tkachenko – Shvartsman
Riupassa – Dykstra
Sikma – Ndiaye
Tulleken – Duskova

maart 1, 2019 07:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.