Gefaar fan wenningbrân troch telefoanoplader

maart 1, 2019 08:22

foto © Phonegigant

It tal brannen en brantsjes yn wenhuzen nimt hurd ta. Sûnt 2011 is it mear as ferfiiffâldige. Dat is te witen oan goedkeape telefoanopladers en minne akku’s. Trochbrânde akku’s en fierstente hjitte opladers wiene yn 2018 de oarsaak fan mear as hûndert brannen.

Ut analyze fan PhoneGigant.nl docht bliken dat de measte goedkeape opladers stikken minder fan kwaliteit binne as de orizjinele.  Om it ferskil tusken de goedkeapste oplader, in middelklasser en in djoerder model sjen te litten, helle PhoneGigant se útinoar. Oan de bûtenkant is it net te sjen, mar oan de binnenkant fan de opladers wol, dat it ferskil yn kwaliteit fan it materiaal grut is. Nei it iepensnijen fan ferskate kabels wie dúdlik te sjen dat de beskerming tsjin it brekken fan de tried en it trochbrânen by de orizjinele opladers fierwei it sterkst is.

De kwaliteit fan de stekkers rint ek tige útinoar. It missen fan isolaasje, feilichheidskomponinten en robústere materialen makket dat de goedkeapste fariant 31% lichter yn gewicht is as de orizjinele oplader. Op de ûndersyksside is in ferliking te sjen fan opladers út de ferskillende priisklassen.

Offisjele warskôgingen
It ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu (RIVM) en de Nederlânske brânwacht warskôgje al in skoft foar it gefaar fan brân troch goedkeape, soms net iens goedkarde opladers. Yn in protte winkels en by Sineeske webwinkels binne opladers foar in pear euro te keap. Soks rint lykop mei it tanimmen fan akkubrannen.

Neffens de Nederlânske brânwacht kinne batterijen fan snoadfoanen (lithium-ion batterijen) gefaar fan brân opleverje as se oerladen wurde of as der in koartsluting ûntstiet. Dat bart faak ûnder it opladen, troch it brûken fan net-orizjinele laders, it oerladen fan de batterij of troch skansearjen.

 

 

maart 1, 2019 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.