Gedicht: Katsjes

maart 9, 2019 09:30 Fernijd

Resint ferskynd

Katsjes

Foto: pixabay.com

hja lizze allegearre sa noflik tsjininoarren oan
en hja fiele sa sêft oan, as jo se efkes aaie
sok moai en glânzich hier, mar och sa tear
sa leaflik, dat jo wolle se fuort wol meinimme

foaral de earste dagen binn’ se op harren moaist
dêrom wurde se somtiden dochs meinommen
mar dat is net goed, want dan libje se net sa lang
goed oan ’t drinken sette, wol noch wolris helpe

de measte minsken snije se mei in mes of in skjirre
’t is in griis want dêrtroch wurde se tige ferwûne
sûnder euvelmoed sizze se dan “it docht net sear
en in faas mei katsjes op ’e tafel stiet och sa kreas.”

Sjoerd F. Talsma

maart 9, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.