Gearwurking Frysk Fersetsmuseum, Friesland College en Anne Frank Stichting

maart 15, 2019 08:21

It Frysk Fersetsmuseum ûntfong fan jannewaris oant en mei maart 870 mbû-studinten fan de oplieding foar Soarch, service en wolwêzen fan it Friesland College. Yn it ramt fan in spesjale pilot fan de Anne Frank Stichting waard de besite hieltyd ôfsletten mei in wurkwinkel, dy’t studinten neitinke liet oer boargerskip, it skeinen fan minskerjochten en wrâldwide doelstellings.

Foto: Frysk Fersetsmuseum

Wurkwinkel
Yn it atelier fan it museum giene de studinten nei ôfrin fan harren besite oan it Frysk Fersetsmuseum oan ’e slach yn in wurkwinkel fan de Anne Frank Stichting. Dêryn krigen se foarbylden út de Twadde Wrâldoarloch en fan no te sjen oer stereotypen, foaroardielen en diskriminaasje.

Nei in presintaasje oer Anne Frank spilen de studinten it spul ‘Op it earste gesicht’. Mei it spul krigen dielnimmers ynsjoch yn harren eigen foaroardielen en opfettings. De slagge pilot hat derfoar soarge dat de museumdosinten fan it Frysk Fersetsmuseum yn trening sille by de Anne Frank Stichting. Fan kommend skoaljier ôf sil it museum de wurkwinkel ek sels oanbiede.

WO2 en boargerskip
De pilot slút goed oan by de mbû-konferinsje ‘Plekken met een verhaal: WO2 en burgerschap’ op 29 maart. By de konferinsje yn Den Bosch wurdt in nij lesprogramma presintearre, dat ûntwikkele is troch it Nationaal Monument Kamp Vught, Indisch Herinneringscentrum, Kamp Amersfoort, Herinneringscentrum Kamp Westerbork en it Joods Cultureel Kwartier yn ’e mande mei in fiiftal mbû-ynstellings.

De Anne Frank Stichting sil by ien fan de wurkwinkels ek it spul ‘Op it earste gesicht’ taljochtsje. Belangstellenden kinne har oant en mei 20 maart ynskriuwe fia www.lerenvanwo2.nl.

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum.

maart 15, 2019 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.