FUMO sinjalearret gefaarlike LPG-levering

maart 2, 2019 11:54

foto: pixabay.com

It foljen fan gasflessen mei LPG by de benzinepomp kin gefaarlike situaasjes meibringe. It is dan ek ferbean. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat koartlyn ûndersocht hoe’t de Aktiviteiteregeling Miljeubehear neilibbe wurdt. Sûnt binne trije tankstasjons opholden mei it leverjen fan LPG. Twa oare hawwe maatregels nommen foar in feilige levering.

By guon ûnbemanne stasjons koe nei it beteljen fia in betelautomaat fuortdaliks tankt wurde. Klanten hoegden net op in belknop te drukken foar’t de pomp frijjûn waard. Der wie wol in kamera, mar dy waard net brûkt, dat gasflessen koene folle wurde sûnder dat yngrepen waard. Der wiene noch mear mankeminten. Net alle pomphâlders hâlde har oan de feilichheidsfoarskriften. Tasichthâlders fan de FUMO sjogge dêrop ta en jouwe ried foar de krekte technyske en organisatoaryske maatregels. In stik of wat pomphâlders leverje nei de besite fan de FUMO gjin gas mear of hawwe de krekte foarsoarchmaatregels nommen.

It brûken fan floeiber LPG foar propaanflessen, dy’T allinne bedoeld binne foar gasfoarmich propaan, bringt grutte risiko’s mei. De druk yn de gasflesse kin troch opwaarming – benammen yn de simmer yn in caravan of boat – sa heech oprine dat er ûntploft. De itensieders- en ferwaarmingstastellen yn caravans, campers en boaten binne ek net ynrjochte op floeiber gas. Soks leveret gefaarlike situaasjes op.

maart 2, 2019 11:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.