Fryske jonges yn Dútslân wurde no ‘Tomke’ neamd

maart 23, 2019 16:10

Friezen yn Nederlân en yn Dútslân wike op ferskate manieren ôf fan de mearderheidsbefolking yn harren lân. Dat komt fansels it dúdlikst oan it ljocht troch de Fryske taal, mar der binne mear ferskillen. Ien dêrfan is hoe’t hja hjitte. Yn Nederlân springt Fryslân derút trochdat der tradisjoneel oare nammen oan bern jûn wurde as yn de rest fan it lân. Dat is yn it Dútske Noard-Fryslân ek sa.

De nammen dy’t bern yn Noard-Fryslân krije, binne net deselden dy’t yn de provinsje Fryslân populêr binne. Opfallend is dat Noard-Fryske jonges de ôfrûne jierren tige faak de foarnamme ‘Tomke’ krigen. Dy namme kenne wy fansels foaral fan it tekene popke fan de televyzjesearje en de boekerige fan de Afûk.

De namme ‘Tomke’ is op ien nei de populêrste Noard-Fryske jongesnamme. De namme ‘Fiete’ stiet op ien en de namme ‘Arjen’ op trije. By de famkes is de top trije: Fenna/Fenja, Marja, Stine. Dy nammen binne bûten Noard-Fryslân yn Dútslân amper bekend. Yn Dútslân binne de populêrste jongesnammen fan 2018 Ben, Paul en Leon. Foar de famkes binne it Emma, Mia en Hanna/Hannah.

maart 23, 2019 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.