Fryske Akademy wol mear ûndersyk nei net-Fryske tongslaggen yn Fryslân

maart 6, 2019 21:24

Kaartsje: Fryske Akademy

Der moatte nedich wurdboeken en grammatika’s komme fan it Kollumersk, it Feanstersk en it Midslânzersk. Foar it Biltsk moat in databank komme om útsykje te kinnen oft it Biltsk no Hollânsk is of in Hollânsk-Fryske mingtaal. Oer de dialekten fan East-Kollumerlân witte taalkundigen hast neat, dêr moat nedich ûndersyk nei dien wurde.

Dat skriuwe fiif ûndersikers fan de Fryske Akademy yn it boekje Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslân. Dêryn beskriuwe hja wat der op it stuit bekend is oer it Biltsk, Stedsk, Amelânsk, Midslânsk en East-Kollumerlânsk. Fierder jouwe hja oan wat wittenskiplik nedich is om noch te ûndersykjen.

Hollânsk yn Fryslân

De ûndersikers Siebren Dyk, Pieter Duijff, Wilbert Heeringa, Eric Hoekstra en Hans van de Velde hawwe it boekje skreaun op fersyk fan de Nederlandse Taalunie. Dat is in organisaasje fan de Nederlânske en de Flaamske oerheid dy’t him dwaande hâldt mei de Nederlânske taal. Omdat de neamde tongslaggen fan Hollânsk komôf binne, wol de Taalunie der ek omtinken oan jaan, mar om’t se yn Fryslân praat wurde, is it ûndersyk útbestege oan de Fryske Akademy.

Jild

Wat der krekt dien wurdt mei it ferlet fan ûndersyk dat de Akademyûndersikers konstatearje, is noch net bekend. De Taalunie wol wol jild frijmeitsje foar ûndersyk, mar wêr’t dat oan bestege wurdt, is noch net útmakke.

It boekje fan de Fryske Akademy is hjir te lêzen: klik.

maart 6, 2019 21:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.