Frysk in ‘leuke hobby’?

maart 8, 2019 14:47

Foto: Facebook Jongfryske mienskip

L.S. de Goede út Gytsjerk fertelt yn syn (of har?) ystjoerd stik yn de LC fan 21 febrewaris 2019 dat er himsels Frysk oanleard hat doe’t er him yn Fryslân fêstige. Hy praat Frysk en riedt elkenien oan syn foarbyld te folgjen. Hulde!
Mar hy makket in flater as er it Frysk in ‘leuke hobby’ neamt. It Frysk is foar hûnderttûzenen Friezen gjin hobby mar de taal dêr’t hja harren gefoelens it bêste yn útdrukke kinne.

Spitigernôch binne in protte Friezen noch altiten analfabeten yn harren eigen taal omdat se nea op skoalle leard hawwe Frysk te lêzen en te skriuwen. Om oan dat ûnrjocht in ein te meitsjen is it nedich dat alle bern yn Fryslân op de basisskoalle en yn it fuortset ûnderwiis njonken it Nederlânsk Frysk leare. Goed Frysk ûnderwiis heart in bernerjocht te wêzen. Dat betsjut dat Fryske les gjin hobby is mar ferplichte wêze moat: it Nederlânsk is dochs ek in ferplichte fak? As twadde rykstaal heart it Frysk deselde rjochten te hawwen as it Nederlânsk. De Goede merkt op dat 85% fan de Friezen net sit te wachtsjen op Frysk ûnderwiis. Hoe komt er dêrby? Ut alle ûndersiken, bygelyks fan de provinsje, docht bliken dat in mearderheid fan de befolking just wol foar better Frysk ûnderwiis is.
De Goede kin it net litte om deputearre Sietske Poepjes it leksum op te sizzen, omdat se te pas en te ûnpas de Fryske taal brûkt. Ik hear nuver genôch gjin krityk fan him op ús achte kommissaris Arno Brok dy’t ek rûnom yn Fryslân by foarkar Frysk brûkt. Terjochte, want it is bekend dat binnen Fryslân mear as 95% fan de befolking Frysk ferstiet. Ik bin bang dat De Goede in efterhoedegefjocht striidt, no’t it Frysk hieltyd mear rjochten kriget, ek al binne we der noch lang net.

By einsluten rop ik alle Friezen (en dus De Goede ek) op om op sneon 9 maart middeis op 3 oere op it Saailân yn Ljouwert mei te dwaan oan in demonstraasje fan boargeraksjegroep Sis Tsiis foar better Frysk ûnderwiis!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

maart 8, 2019 14:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW maart 8, 19:00

    Fansels hat Jehannes gelyk, mar as elkenien as ‘hoby’ oan it Frysk begjint, dan kin der wat moais barre!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.